Is sc Hearrenfean besmet troch supportersgeweld? "Wij houden ons open karakter"

sc Heerenveen
De hurde supporterskearn fan sc Hearrenfean © ANP
Bussen dy't bekûgele wurde, brânende fakkels dy't op it fjild smiten wurde en as djiptepunt in jonge supporter dy't ferwûne rekke nei rellen op 'e tribune. Hieltyd faker binne fans fan sc Hearrenfean belutsen by geweldsynsidinten. Hoe soarchlik is de situaasje by it Abe Lenstra Stadion?
De foto fan in jonkje mei bloed op syn gesicht op 'e tribune by Hearrenfean - Feyenoord helle in wike lyn hast alle regionale en lanlike media. Oeral waard mei ôfgrizen reagearre op it ynsidint en yn it ferlinge dêrfan krige ek sc Hearrenfean de nedige krityk oer him hinne.
De klup dy't foarhinne oanpriizge waard om de gemoedlike en famyljêre sfear, soe yntusken benammen bekend stean as probleemklup, mei supporters dy't faker belutsen binne by geweldsynsidinten.
Dat ropt de fraach op oft persoanen dy't ferbûn binne oan sc Hearrenfean, dat ek sa ûnderfine.
jonkje bloed supporter SC Hearrenfean tsjin Feyenoord fuotbal
It jonkje dat ferwûne rekke nei't er mei in oanstekker bekûgele waard © ANP
Omrop Fryslân hat de ôfrûne tiid kontakt socht mei ferskate persoanen om in ynsjoch te krijen yn de aktuele kultuer binnen en bûten sc Hearrenfean. Supportersferiening NieuwNoord, dy't geregeld oerlis hat mei de direksje en oare offisjele organen fan de klup, wol gjin ynterview jaan en reagearret allinne skriftlik.
Direkteur Ferry de Haan is wol ree om yn te gean op de resinte ûntwikkelings en komt dêroer fierderop yn dit artikel oan it wurd.
Fjoerwurk op it fjild yn it Abe Lenstra Stadion
Fjoerwurk op it fjild yn it Abe Lenstra Stadion © ANP
Om lykwols goed begripe te kinnen wêrtroch't it imago fan sc Hearrenfean skeind rekke is, sette wy earst inkelde feiten op in rige. Dan blykt dat de hurde kearn fan Hearrenfean de ôfrûne jierren belutsen wie by minstens trije ynsidinten.
Sa smieten Hearrenfean-supporters ferline seizoen fakkels op it fjild by de wedstriid tsjin AZ yn Alkmaar, mei as gefolch dat de wedstriid staakt waard.
Omdat der in freonskipsbân bestiet tusken de supportersgroepen fan AZ en Cambuur, wurde sy sjoen as rivalen fan Hearrenfean. Sa waard ek de wedstriid tusken Hearrenfean en AZ yn it Abe Lenstra Stadion stillein fanwegen fjoerwurk op it fjild.

Twente-bus oanfallen

Ek op 21 desimber wiene Hearrenfean-fans belutsen by in ynsidint. Se wiene ûnderweis nei Arnhem foar it duel mei Vitesse doe't in supportersbus fan Twente op in parkearterrein by de A50 parkearre. Twente moast dy jûn in útwedstriid tsjin PSV spylje. Op it parkearterrein by de A50 waarden de Twente-fans belage troch oanhingers fan Hearrenfean.
En op 16 augustus 2021 kamen Hearrenfean-fans ek negatyf yn it nijs. Wylst de stadions yn dy perioade wer stadichoan folstreamden nei it skrassen fan de coronamaatregels, luts in groep Hearrenfean-hooligans nei Deventer. Dêrby kaam it ta in konfrontaasje mei fans fan Go Ahead Eagles. Yn totaal waarden dêrnei santjin relskoppers oanhâlden, allegear supporters fan sc Hearrenfean, neffens de plysje.

Boskgefjochten

Neist de ynsidinten by wedstriden, binne der ek de saneamde boskgefjochten. Yn dy gefallen meitsje fjochtklups, dy't faak liearre binne oan de hurde kearn fan in fuotbalklup, de ôfspraak om op in geheime lokaasje - faak yn de bosk - te fjochtsjen. Hooligans sjogge dat as in "earlik gefjocht" tusken de hurde kearnen.
Op dit stuit ha 55 persoanen by sc Hearrenfean in stadionferbod. Benammen nei de coronaperioade is it tal stadionferbodden yn Nederlân bot tanommen.
GRAPHIC Stadionferbodden Nederlân sifers
Ofbylding as yllustraasje © KNVB
Dy boskgefjochten spylje har benammen ôf bûten it each fan de media en it publyk. In útsûndering wie it gefjocht yn maaie 2023 foar it stasjon fan Ljouwert, dêr't oanhingers fan Cambuur en Hearrenfean elkoar troffen. Uteinlik waarden dy dei trije persoanen troch de plysje oanhâlden.
Sa't al earder melden waard, wol NieuwNoord net foar de mikrofoan reagearje op boppesteande ûntwikkelingen. De supportersferiening lit it by in ferklearring.
Dy is: "Laat duidelijk zijn: dat wat bij Heerenveen-Feyenoord is gebeurd, praten wij zeker niet goed. Maar om nou te zeggen dat het supportersgeweld bij Heerenveen toeneemt, gaat wat te ver."
Op 26 maaie 2023 kaam it ta in konfrontaasje op it stasjon fan Ljouwert:
Ferry de Haan is op 'e hichte fan de ferhalen en de krityk dy't nei de wedstriid tsjin Feyenoord ûntstien binne. Dochs tinkt er dat it te fier giet om te sizzen dat Hearrenfean it imago fan in famyljeklup kwytrekke is. Wy sprutsen mei de algemien direkteur oer supportersgeweld by Hearrenfean.
Jim hawwe yntusken de wedstriid tsjin Feyenoord evaluearre. Wat is dêr krekt útkaam?
"Inmiddels hebben er verschillende evaluaties plaatsgevonden, daarin wordt gekeken hoe we gezamenlijk met onze ketenpartners het aanvliegen van deze wedstrijd nog kunnen verbeteren."
Het verloop van een dergelijke wedstrijd is van veel factoren afhankelijk en je kunt niet een specifiek punt noemen "daar gaat het mis", dan zou het heel makkelijk zijn om op te lossen."
Wedstriden tsjin Feyenoord ha de ôfrûne jierren in soad problemen opsmiten. Is dat foar te kommen?
"Je kunt heel veel dingen organiseren en regisseren, om een wedstrijd in zijn geheel goed te laten verlopen, maar helaas heb je niet alles in de hand.
Bij iedere wedstrijd wordt er gekeken welke mix van maatregelen het meest passend is bij welke wedstrijd. Daarbij willen we gastvrijheid ook zeker niet uit het oog verliezen."
Ferry de Haan
Ferry de Haan © Orange Pictures
"Continu kijken we in samenwerking met gemeente, politie en tegenstanders naar een zo goed mogelijk verloop elke wedstrijd weer. Ook bij een volgende editie kijken we hoe we dat het beste kunnen doen."
Is by sc Hearrenfean sprake fan tanimmend supportersgeweld?
"Ik vind niet dat specifiek sc Heerenveen een probleem heeft met toenemend supportersgeweld. We zien daarin een landelijk trend en de problemen spelen niet alleen op supportersgebied. Kijk naar de gehele maatschappij, waarin een verharding zichtbaar is. Als we kijken naar de landelijk trend lopen we niet voorop.
Daar komt nog eens bij dat wij een vrij 'open stadion' hebben: dat vinden supporters van sc Heerenveen, maar ook supporters van de tegenstander. Ook supporters van tegenstanders komen graag bij ons. Als club hebben wij een 'open karakter' en daar houden we ook aan vast. Denk daarbij aan ons gastengebied, een groot uitvak met een fantastisch zicht op het veld."
Op hokker wize besykje jim supportersgeweld foar te kommen?
"De club kent in samenwerking met gemeente en politie een wekelijks PGA (Persoons Gerichte Aanpak) overleg. Daarin wordt iedere supporter besproken die betrokken is geweest bij wat voor incident dan ook.
Tijdens dat PGA overleg wordt besloten welke maatregel bij welke supporter het meest passend is. Dat kan variëren van een waarschuwingsgesprek met ouders erbij tot bijvoorbeeld een stadion en/of omgevingsverbod. Daartussen is een pallet aan maatregelen mogelijk. Daartoe behoren ook alternatieve straffen."
Hoefier giet jim ferantwurdlikheid as klup yn dizze kwestje?
"De clubs, de KNVB, overheid en burgers moeten met z'n allen dit probleem zo goed mogelijk onder controle houden. Dat kunnen clubs niet alleen, we hebben regels en omgangsvormen, maar je bent afhankelijk van hoe mensen daar zelf vorm aan geven."
Hearrenfean wol net dat supporters fan de tsjinpartij net mear wolkom binne. Wêrom net?
"We zijn een gastvrije club, altijd geweest, daar staan we ook om bekend en dat willen we graag zo houden. Zowel uit- als thuissupporters vinden het een belevenis naar sc Heerenveen te komen."