Van der Meer emosjoneel oer oansteand ôfskied fan Cambuur: "Krijg het niet weer zo goed"

cambuur
Jhondly van der Meer © Dijks Fotografie
Jhondly van der Meer hie graach noch yn it nije Cambuurstadion spylje wollen. Dat bliuwt in dream, want syn kontrakt wurdt net ferlinge. Van der Meer kin dermei libje, mar baalt wol.
De Haïtiaanske Ljouwerter spile yn de earste helte fan foarich seizoen noch yn it earste fan Cambuur, dat gjin goed seizoen hie. Hy die nei de winterstop in stapke werom, nei Jong Cambuur. Dêr belibbe er wol sukses.
Dit seizoen keas haadtrainer Henk de Jong derfoar om Van der Meer wer minuten te jaan yn it earste.
It gie dus wer wat de goede kant út mei de spiler. Dat syn kontrakt dochs net ferlinge wurdt, hie Van der Meer ek net hielendal ferwachte. "Zelf had ik de verwachting om in de basis te komen, dit is helaas anders gelopen. Dit is wel de beste keuze voor zowel de club als mijzelf."
Ik ga het niet zo goed krijgen als bij Cambuur.
Jhondly van der Meer
Van der Meer hat der wol frede mei: "Er komt een moment waar je het nest moet verlaten. Ik had graag willen blijven, omdat ik het niet zo goed ga krijgen als bij Cambuur. De club en de mensen voelen zo vertrouwd."
De kontrakten fan Milan de Koe en Sekou Sylla wurde ek net ferlinge. Ek de kontrakten fan Brett Minnema, Marco Tol, Michael Breij en Roberts Uldrikis rinne oan de ein fan dit seizoen ek ôf, mar sy krije letter dúdlikens oer harren takomst.
It hat ek ta gefolch dat er takom seizoen de gersmatte yn it Kooi Stadion net opkomme sil. "Ik had graag de komst van het nieuwe stadion willen mee maken. De club moet richting het einde van dit seizoen een keuze maken en die accepteer ik."

Nij aventoer

Wat er hjirnei dwaan sil, is noch net wis. "Ik sta open voor aanbiedingen vanuit zowel Nederland als de rest van Europa. Ik wil graag in de buurt van familie blijven."
Hy seit dat er alles dwaan sil foar in moaie ôfsluting by Cambuur.
De wedstriid tusken FC Eindhoven en SC Cambuur begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere. It ferslach út Eindhoven wei komt fan sportferslachjouwer Geert van Tuinen.