Lambooij wol mei arbitraazjesaak oergong nei Cambuur forsearje: hoe wurket dat krekt?
SC Cambuur wol Lars Lambooij as nije technysk manager. Lambooij sjocht dat ek wol sitten, mar syn hjoeddeiske wurkjouwer, RKC Waalwijk, hâldt him oan syn kontrakt dat noch twa seizoenen trochrint. Lambooij hat dêrop in arbitraazjesaak oanspand. Hoe wurket sa'n saak krekt?
"In het kort kunnen leden van de KNVB een zaak bij de arbitragecommissie aanspannen als er sprake is van een geschil dat samenhangt met de voetbalsport", leit Bert van Plateringen út. Hy is wurdfierder fan it kolleezje fan arbiters, in ûnôfhinklik orgaan fan fuotbalbûn KNVB dat konflikten tusken leden behannelet.
Arbitraazjekommisje
As der sprake is fan in skeel, dan kinne KNVB-leden in fersykskrift ynstjoere. Dy komt dan telâne by in algemien foarsitter fan it kolleezje fan arbiters. Foar eltse saak wurdt dan in arbitraazjekommisje gearstald.
Dy kommisje bestiet gewoanwei út trije of fjouwer persoanen. Dêryn binne rûchwei twa groepen minsken fertsjintwurdige.
Yn it earste plak binne dat minsken dy't yn besit binne fan de titel 'meester in de rechten', dat wol sizze: minsken dy't in juridyske oplieding ôfmakke hawwe op universitêr nivo. Dêrnjonken sitte der minsken mei spesifike kennis oer bygelyks betelle fuotbalklups of coaches yn in arbitraazjekommisje. In lid fan de earste groep is de foarsitter.
De behanneling fan in saak hat plak op it trainingssintrum fan de KNVB yn Zeist. "De opzet is iedere keer grotendeels hetzelfde", leit Van Plateringen út.
"Eerst komt de ene partij aan het woord. Daarna stelt de commissie vragen. Vervolgens krijgt de tegenpartij het woord, aansluitend is er ruimte om nogmaals vragen te stellen. Ten slotte mogen beide partijen nog één keer iets zeggen."
Utspraak is binend
Dêrnei giet de arbitraazjekommisje yn beried. Yn guon gefallen komt der dyselde dei noch in útspraak, mar it komt ek wolris foar dat it langer duorret. "Meestal is de uitspraak er binnen twee weken", stelt Van Plateringen.
In útspraak fan de arbitraazjekommisje is binend. Der is ek gjin heger berop mooglik. Yn útsûnderlike gefallen kin der wol oan it gerjochtshôf frege wurde om it fûnis te ferneatigjen of yn te lûken.
Yn 2023 wienen der tsien arbitraazjesaken. Yn it ferline hawwe Fryske klups út it betelle fuotbal der ek meardere kearen mei te krijen hân.
Fan Dost oant Akachar
Sa spande Bas Dost yn jannewaris 2011 in saak oan tsjin syn doetiidske wurkjouwer sc Hearrenfean. De spits woe in oergong nei Ajax forsearje. De klup út Amsterdam hie in bedrach tusken de 3 en 5 miljoen foar him bean, mar Hearrenfean woe minimaal 7 miljoen hawwe.
Dost ferlear de saak en bleau noch oardel jier by Hearrenfean. Net sûnder sukses trouwens, want yn it seizoen 2011/2012 waard er topskoarer fan Nederlân troch 32 kear te skoaren. Dêrnei makke hy in transfer nei it Dútske VfL Wolfsburg.
Ek by Cambuur kenne se de sittingsseal yn Zeist. De saak tsjin Jamal Akachar yn 2005 springt yn it each. De Marokkaanske oanfaller krige lêst fan eangstoanfallen en koe net mear traine. By Cambuur tochten se lykwols dat hy sa in transfer besocht te forsearjen.
Cambuur woe doe it kontrakt fan Akachar ûntbine. Hy bedarre op in gegeven momint sels yn de sel, om't Akachar de lease-auto fan de klup fertsjustere hawwe soe. Nei de arbitraazjesaak waard it kontrakt fan Akachar yndie ûntbûn.
Woansdei tsjinnet de saak tusken Lambooij en RKC Waalwijk. Ynkoarten sil dus dúdlik wurde oft Cambuur fierder sykje moat nei in oare technysk manager of net.