Omrop Fryslân

Lambooij wol nei Cambuur en spant arbitraazjesaak oan tsjin RKC

Yn 2017 naam Lars Lambooij ôfskie as fuotballer
© Orange Pictures
SC Cambuur wit op koarte termyn oft it in nije technysk manager hat of dat de klup fierder sykje moat. Woansdei tsjinnet der in arbitraazjesaak tusken Lars Lambooij, de beëage nije man, en syn hjoeddeiske wurkjouwer RKC Waalwijk.
It is no sa'n fiif moannen lyn dat Etiënne Reijnen syn funksje as technysk direkteur by Cambuur ferruile foar it assistint-trainerskip by Feyenoord. Sûnt dy tiid is de direksje fan Cambuur op syk nei in opfolger.
Frij gau waard dúdlik dat de Ljouwerters ien hawwe wolle, dy't in ferlykber profyl hat as dat fan Reijnen. Dat hâldt yn: jong, ambysjeus en betûft yn de digitale wrâld. Sa wol de klup ien hawwe dy't goed is mei fideo, data en dat kombinearje kin mei scouting.
Etiënne Reijnen is no assistint-trainer by Feyenoord
© Orange Pictures
Sa kaam Cambuur út by Lambooij, dy't sûnt 2020 haad scouting is by RKC Waalwijk. Dêrfoar wurke er as jeugdtrainer en haad scouting by Go Ahead Eagles. By dy klup is er nei syn spilerskarriêre hingjen bleaun.
Lambooij fuotballe tusken 2009 en 2017 by SC Veendam, dat yntusken net mear bestiet, en Go Ahead Eagles. Hy kaam as ferdigener ta mear as hûndert wedstriden yn de earste divyzje en hast fyftich yn de earedivyzje.
Lars Lambooij yn syn tiid by Go Ahead Eagles
© Orange Pictures
De ynteresse fan Cambuur yn Lambooij spilet al langer.
As direkteur Ard de Graaf fan Cambuur heal febrewaris yn de Sportcast fan Omrop Fryslân konfrontearre wurdt mei de namme fan Lambooij, seit hy: "Daar hebben wij mee gesproken. Neemt niet weg dat hij een contract heeft bij RKC, dus dat is niet heel dichtbij."
Sels wol Lambooij de oerstap fan Noard-Brabân nei Fryslân graach meitsje. Dêrom besocht Cambuur derút te kommen mei RKC Waalwijk om de 35-jierrige Brabanner oer te nimmen. Dat slagge net.
RKC hâldt Lambooij oan syn kontrakt, dat nei dit seizoen noch twa jier trochrint. Sels wol de âld-fuotballer wol graach oerstappe, om't er dit sjocht as in moaie stap yn syn karriêre. Hy wol in oerstap forsearje en dêrom spant er in arbitraazjesaak oan tsjin syn hjoeddeiske wurkjouwer.

Cambuur wol fluch dúdlikheid

In soad tiid is der net foar Cambuur. De klup moat foar 1 april oan spilers witte litte oft se harren ôfrinnende kontrakten formeel opsizze of net. Michael Breij, Roberts Uldrikis en Sekou Sylla binne foarbylden fan spilers mei in ôfrinnend kontrakt.
Roberts Uldrikis is ien fan de spilers mei in ôfrinnend kontrakt
© Orange Pictures
Dêrneist binne der ek yn de technyske stêf noch kontrakten dy't ôfrinne, lykas dy fan assistint-trainer Jeroen Burghout en keeperstrainer Peter van der Vlag. Dat binne besluten dy't gewoanwei naam wurde troch in technyske einferantwurdlike.
Dêrom wol Cambuur sa gau as mooglik in nije technysk manager oanstelle. De klup hat sprutsen mei meardere kandidaten, mar kiest earst foar de opsje-Lambooij. Mocht der út de arbitraazjesaak komme dat Lambooij net fuort mei by RKC, sil Cambuur de syktocht ferfolgje moatte.

Woansdei dúdlikens?

It is noch net dúdlik oft de arbitraazjekommisje fan de KNVB woansdei fuortendaliks útspraak docht yn de saak tusken Lambooij en RKC. It soe ek samar in oantal wiken duorje kinne foardat der útslútsel komt, sa lit in wurdfierder fan it fuotbalbûn witte.
De haadpersoan sels, Lambooij, wol op dit stuit noch net reagearje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.