"It is skandalich dat Etiënne Reijnen Cambuur no alwer ferlit"

© Omrop Fryslân

Dat technysk direkteur Etiënne Reijnen al nei in healjier fuortgiet by SC Cambuur, is eksimplarysk foar it gebrek oan loyaliteit yn de fuotbalwrâld. Dat sizze de sportferslachjouwers yn de Sportcast.

De Zwollenaar ferruilet it direkteurskip by Cambuur foar de funksje fan assistint-trainer by Feyenoord, wylst er yn Ljouwert noch mar in healjier yn tsjinst wie. Yn de eagen fan sportferslachjouwer Geert van Tuinen liket dat nearne op. "It is skandalich dat Reijnen Cambuur no alwer ferlit."

"As je mei je folle ferstân kieze foar in funksje as technysk direkteur", begjint Van Tuinen. "In fjouwerjierrich kontrakt tekenje en in fisy dellizze wêrmei't je in bepaalde kant op wolle, dan moatte je op syn minst in morele plicht fiele om it grutste part fan je kontrakt út te tsjinjen."

'Ikke, ikke, ikke'

Sportferslachjouwer Andor Faber falt him by en hie mear loyaliteit ferwachte. "Cambuur hat him de kâns jûn yn in hiel belangrike funksje, wylst er gjin ûnderfining hie. It is foaral ikke, ikke, ikke. En de rest kin..." Van Tuinen: "Der is gjin loyaliteit yn de fuotbalwrâld."

Oan de oare kant kin sportferslachjouwer Arjen de Boer de stap fan Reijnen wol begripe. "Dizze trein komt foarby. Je kinne dêr folle mear fertsjinje. En as Arne Slot nei it bûtenlân giet, nimt er him mei. Dêr falt ek wat foar te sizzen."

By Sportklup Hearrenfean komt it positivisme hieltyd mear werom. Sneon waard Fortuna Sittard ferslein (3-0). Wat soe der dit seizoen yn it fet sitte foar de ploech fan trainer Kees van Wonderen?

"Ik rekkenje Ajax noch wol by de top-fiif", seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Ik tink dat Hearrenfean bêst wol ris 'best-of-the-rest' wurde kin. En miskien meie je dat ek wol ferwachtsje as je sjogge nei it nivo en de kwaliteit fan de seleksje, mits fit."

Van Tuinen slút him dêrby oan: "Se ha in goed alvetal, dat komt wol klear. Dat ha ik altyd sein, ek fjouwer wiken lyn."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.