Omrop Fryslân

Sportcast: "Henk de Jong giet net nei Liverpool"

Geert van Tuinen, Andor Faber, Arjen de Boer en Roelof de Vries
© Omrop Fryslân
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnûge om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yngiet.
It reinde betterskipswinsken doe't De Jong in tebeksetter te ferwurkjen krige troch de kyste yn syn holle. Ien dêrfan wie in filmke út Liverpool wei. Klopp en syn Nederlânske assistint Pepijn Lijnders winsken De Jong sterkte en nûgen him út om ris del te kommen yn Liverpool.
"Ik heb gehoord dat jij de enige trainer in de wereld bent die grappiger is dan ik. Hoe kan het dat wij elkaar nog nooit ontmoet hebben", frege Klopp him yn dat filmke ôf.

"Hy kin it net meitsje"

Mar, sa seit sportferslachjouwer Arjen de Boer: "Henk giet net nei Liverpool. Hy kin it no net meitsje om dêrhinne te gean, sportyf sjoen. Hiene se boppe-oan stien, dan hie er al yn it fleantúch sitten."
Krekt de ôfrûne dagen hiene it momint west foar De Jong om dêrhinne te gean, wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Se ha no fjouwer dagen frij, mar aanst folgje de wedstriden har yn rap tempo op. Dan soe hy der no ek hinne moatte, want Klopp is aanst fuort fansels."
Sportyf sjoen mei it dan flink ôffalle op it stuit, mar dêrbûten wie der wol goed nijs. It nije stadion fan SC Cambuur kin ôfboud wurde, no't de gemeenteried fan Ljouwert ynstimd hat mei it jaan fan in liening.
Boppedat lient ûndernimmer Pieter Kooi de klup minimaal fjouwer miljoen euro. Dêrneist hat er al in miljoen euro betelle, sadat er de nammejouwer fan it nije stadion wurdt. "Das dochs prachtich?!", seit Kooi.
Cambuur is yn opgeande line en Hearrenfean komt wat mear yn ferfal. Ik wol wolris sjen wa't der grutter is binnen fiif jier.
Pieter Kooi
Kooi is fuotballeafhawwer, fan fan Feyenoord en sadwaande wie er snein yn it Abe Lenstra Stadion by it duel mei Sportklup Hearrenfean. "Hearrenfean hat miskien wol wat rinne litten. Ik ha der juster ek omstapt en dan stapt der in hiel bedrach om wat him dêr ek wol ferbine wollen hie", seit Kooi.

"Saakjes better foar elkoar by Cambuur"

Yn it ferline wie er ek sponsor by Hearrenfean. "Mar as de fraach net komt en je wurde net meinaam, dan tink ik dat se dêr noch wolris neitinke wat hjir bard is." Oer de rol fan kommersjeel direkteur Martin Koopman dêryn wol Kooi him net útsprekke.
Wol tinkt de Drachtster ûndernimmer dat Cambuur de saakjes mei it nije stadion better foarinoar hat as Hearrenfean. "Cambuur is yn opgeande line en Hearrenfean komt wat mear yn ferfal. Ik wol wolris sjen wa't der grutter is binnen fiif jier."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.