Wa is de ideale trainer foar Hearrenfean? "Wy wolle oanfallend fuotbal"

Fjouwer manlju oer wa't de nije trainer fan sc Hearrenfean wurde moat
Fjouwer manlju oer wa't de nije trainer fan sc Hearrenfean wurde moat © Omrop Fryslân
It hat der alles fan dat Maurice Steijn de nije trainer trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Salang't der lykwols noch neat definityf is, sirkulearje der ferskate nammen foar de opfolging fan Kees van Wonderen.
Ald-Hearrenfeantrainer Foppe de Haan, earder proffuotballer Geert Jelle de Vries en it ferneamde advokateduo Hans en Willem Anker jouwe harren miening oer fjouwer kandidaten.

Maurice Steijn

Maurice Steijn leit op pole position om de nije trainer te wurden by Hearrenfean. De âld-trainer fan VVV-Venlo, NAC Breda, Sparta en Ajax waard ferline wike sjoen yn Hotel Van der Valk yn Wolvegea, dêr't hy in petear hie mei algemien direkteur Ferry de Haan oer in eventuele gearwurking.
Maurice Steijn
Maurice Steijn © Orange Pictures
Geert Jelle de Vries fynt Steijn kwa karakter net by de klup passen. "Ik fyn dat in haadtrainer him ek bemuoie moat mei de jeugdoplieding en de scouting. Steijn hâldt him foaral dwaande mei it earste alvetal."
De bruorren Anker binne ek net oertsjûge. "Foarearst oerhearsket de twivel", seit Hans.
De wikseljende resultaten fan Steijn binne foar Foppe de Haan gjin reden om in streek troch syn namme te setten.
"By Sparta hat er it hiel goed dien en by NAC net. Sa giet dat as je fuotbaltrainer binne. By Ajax hat er it ek net goed dien, mar dat fyn ik gjin kritearium. Dêr koe hy allinnich mar mislearje."

Ruud van Nistelrooij

De alderearste dy't de namme fan Van Nistelrooij alris neamde as trainer fan Hearrenfean, wie Foppe de Haan. De eardere topskutter fan ûnder oare Hearrenfean, PSV, Manchester United en Real Madrid stapte yn syn earste seizoen as trainer op, omdat hy net genôch draachflak fielde binnen PSV.
Van Nistelrooij hat witte litten dat hy kommende simmer graach wer oan 'e gong wol as haadtrainer.
Ruud van Nistelrooij
Ruud van Nistelrooij © Orange Pictures
De iennige dy't net posityf is oer de komst fan Ruud van Nistelrooij, is Geert Jelle de Vries. "Dat is foar my in 'nee'", seit de âld-fuotballer. "Ik tink dat Van Nistelrooij noch te folle fuotballer is. Kommunikatyf fyn ik him ek noch net sa sterk."
Algemien direkteur Ferry de Haan hat al in petear hân mei Maurice Steijn en hat ek praat mei VVV-Venlotrainer Rick Kruys. Troch de namme fan Ruud van Nistelrooij stiet wat him oanbelanget in streek.
Ferry de Haan: "We hebben een tijd geleden contact gehad. Ruud heeft een verleden bij Heerenveen en is een beschikbare trainer. Dan ben je nieuwsgierig en probeer je in gesprek te komen, maar Heerenveen is voor hem geen optie, zo werd er gezegd door zijn management."
Foppe de Haan is wol oertsjûge fan de kwaliteiten fan Van Nistelrooij en is fan miening dat hy by Hearrenfean past. "Ruud hat oeral op de wrâld wenne, mar hat wol de doarpsmentaliteit."
Ek de bruorren Anker binne posityf. Neffens Wim Anker fertsjinnet Van Nistelrooij nei syn opstappen by PSV in twadde kâns. Hans Anker: "Ik fyn Van Nistelrooij wol in opsje, hy stiet yn elts gefal foar oanfallend fuotbal."
Mar neffens Foppe de Haan is de kâns dat Van Nistelrooij nei Hearrenfean komt nihyl: "Ik praat wolris mei him en hy wol graach nei it bûtenlân. It wurdt 'm dus net."

Alex Pastoor

In namme dy't ek faak foarby komt, is dy fan Alex Pastoor. Dat komt omdat hy as spiler en as assistint-trainer in ferline hat by Hearrenfean.
Pastoor wie earder ûnder oare wurksum foar NEC, AZ en Sparta. Op dit stuit is hy dwaande mei syn twadde seizoen as haadtrainer fan Almere City. Dy ploech stiet tolfde yn de earedivyzje.
Alex Pastoor
Alex Pastoor © Orange Pictures
Geert Jelle de Vries is posityf en soe Pastoor graach by Hearrenfean sjen wolle. "Mar dat sis ik dan op basis fan de resultaten dy't hy no sjen lit by Almere City. Dat is gjin garânsje foar sukses, mar ik tink wol dat Alex Pastoor by Hearrenfean past."
Foppe de Haan is ek posityf: "Alex hat in goed idee oer fuotbal, is hiel realistysk. Hy lit syn ploech fuotbalje wat past by de kwaliteiten fan syn spilers."
De wedstriid sc Hearrenfean - Feyenoord is sneintemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
It advokateduo tinkt lykwols dat hy net by Almere fuort giet en komt mei in advys foar Ferry de Haan. "Ik soe him oer twa jier nochris belje."

Ole Gunnar Solskjaer

Miskien in ferrassende namme yn dit rychje, mar Ole Gunnar Solskjaer hat al sûnt 2021 gjin klup mear, mar ambiearret noch altyd in trainersfunksje.
Yn 2011 waard Molde FK ûnder syn lieding foar it earst Noarsk kampioen. Dêrnei wie Solskjaer trije seizoenen trainer fan Manchester United. Under it biedwurd 'je witte mar noait', soe Ferry de Haan in lyntsje útgoaie kinne.
Ole Gunnar Solskjaer
Ole Gunnar Solskjaer © Orange Pictures
Hans Anker fynt it in grutte namme, mar foaral it oanfallende fuotbal dat Solskjaer spilet, sprekt him oan. Broer Wim follet oan: "Dat wolle wy graach sjen."
Neffens Foppe de Haan steane trainers út Noarwegen goed bekend. "Dy hawwe faak in goeie oplieding en binne nuchter." Hy wit dat âld-Hearrenfeantrainer Trond Sollied ek in Noar is. "Mar Sollied siet al sa lang yn België, dat telt net."
Neffens Geert Jelle de Vries moat Hearrenfean Solskjaer net nimme. "Dy kant moatte wy net op. Solskjaer hat by Manchester United yn de top wurke, dêr is jild noait in probleem. Dat is by Hearrenfean dochs oars."
"Foar it cv fan Solskjaer soe de stap nei Hearrenfean wol goed wêze", seit Hans Anker mei in knypeach.

Wa is dyn ideale kandidaat?

Wim Anker komt mei de namme fan de hjoeddeiske trainer fan Excelsior "Ik bin wol sjarmearre fan Marinus Dijkhuizen, dy âlde Cambuurspits. Hy is rêstich en hat gjin kapsoanes. Prima keardel!"
Geert Jelle de Vries komt mei in oare opsje. "Ik fyn Robin Veldman in goeie. Hy hat in soad wurke mei jong talint en kin it maksimale út in ploech helje."
Hans Anker sjocht yn Rick Kruys de nije trainer fan Hearrenfean. "Dat is in jonge trainer en hy docht it mei beheinde middels goed by VVV-Venlo."
Foppe de Haan wol de fingers net baarne oan in foarsizzing. "Ik sis neat. Ik haw my foarnaam om efkes gjin nammen te neamen, dat is it meast ferstannich."