"Het moet nu niet meer over mij gaan, het gaat om Heerenveen"

Kees van Wonderen
Kees van Wonderen © Orange Pictures
Alle kamera's wiene dizze wike rjochte op Kees van Wonderen, dy't nei dit seizoen de doarren fan it Abe Lensta Stadion definityf achter him ticht lûkt. Mar no moat it klear wêze mei de oandacht, seit er.
"Het moet nu om Heerenveen gaan", seit Van Wonderen. Want der stiet noch in soad op it spul foar de Fryske earedivyzjeklup.
Hearrenfean wol him graach pleatse foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wurdt noch in drege put, want de klup treft yn de lêste njoggen wedstriden fan dit seizoen noch in pear drege tsjinstanners.
As earste Feyenoord, dizze snein. De Rotterdammers stean twadde op de ranglist. "We willen zo hoog mogelijk eindigen en treffen met Feyenoord een van de beste ploegen van Nederland. Dus we kunnen onze borst natmaken."
Kees van Wonderen sjocht foarút op de wedstriid tsjin Feyenoord
Feyenoord hat al sûnt 3 desimber (PSV thús, 1-2) gjin wedstriid mear ferlern. Yn Rotterdam ferlear Hearrenfean mei grutte sifers (6-1), it is it grutste ferlies fan dit seizoen.
"Dat is volgens mij ook de enige keer dit seizoen dat we op alle fronten tekortkwamen", stelt Van Wonderen. "Maar dat had ook een oorzaak, omdat we toen behoorlijk wat mensen misten. Ik denk dat we nu verder zijn."

Utdaging

Van Wonderen hopet dat syn team no mear tsjinstân biede kin, mar de Rotterdammers hawwe noch hieltyd in soad kwaliteiten.
"Feyenoord is goed aan de bal en wacht op het moment om openingen te vinden. Ze hebben individuele kwaliteit aan de zijkant, dynamische middenvelders en spitsen die een goal kunnen maken. We kunnen ons nu meten tegen een tegenstander die zich heeft laten zien in de Champions League."
Hearrenfean wie yn septimber fan dit jier kânsleas tsjin Feyenoord
Hearrenfean wie earder dit seizoen kânsleas tsjin Feyenoord © Orange Pictures
Ion Nicolaescu keart werom yn de wedstriidseleksje, Van Wonderen jout oan dat de Moldaviër eventueel 15 minuten meidwaan kin. Middenfjilder Luuk Brouwers is net beskikber, Brouwers hat in hamstringblessuere en hopet der ein dizze moanne tsjin RKC Waalwijk wer by te wêzen.
Nei de wedstriid tsjin Feyenoord fleane in soad spilers út om ynterlâns te spyljen. Sa kinne Thom Haye en Nathan Tjoe-A-On debutearje yn de nasjonale ploech fan Yndonezië en Simon Olsson makket foar it earst syn opwachting yn it Sweedske team.
In folslein oersjoch fynst hjirûnder yn in tabel:

Dizze Hearrenfeanspilers spylje takom wike ynterlâns

Spiler Lân
Thom Haye Yndonezië
Nathan Tjoe-A-On Yndonezië
Hussein Ali Irak
Osame Sahraoui Noarwegen
Oliver Braude Noarwegen -21
Simon Olsson Sweden
Pawel Bochniewicz Poalen
Loizos Loizou Syprus
Hy wol it der dus leaver net oer hawwe, mar foar Van Wonderen wie it in hektyske wike. Doe't it nijs oer syn fuortgean bekend waard, kaam der in protte op him ôf. "Dan krijg je veel appjes en berichtjes, maar de koning heeft niet geappt, hoor", grapket hy.
Oer syn eigen takomst wol Van Wonderen net in soad kwyt. "Er speelt niks concreets en dat heeft nu ook niet mijn interesse. Ik wil me focussen op de laatste negen wedstrijden en wat er eventueel komt aan uitdagingen voor de toekomst, dat zien we later wel. Het gaat nu eerst om Heerenveen."
De wedstriid sc Hearrenfean - Feyenoord is sneintemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.