Cambuur moat Reijnen definityf útswaaie: "Ik vind dat teleurstellend"

Etiënne Reijnen © Omrop Fryslân

De teloarstelling is grut by SC Cambuur, no't technysk direkteur Etiënne Reijnen definityf de oerstap fan SC Cambuur nei Feyenoord makket. Reijnen hat mar in healjier yn Ljouwert oan it wurk west.

Reijnen tekene yn de simmer in kontrakt foar fjouwer seizoenen by Cambuur en wurdt no analist en adviseur fan it earste alvetal by Feyenoord. Dy klup betellet in transfersom oan de Ljouwerters om it kontrakt fan Reijnen ôf te keapjen.

Hoe heech dat bedrach krekt is, wol algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur net sizze. "Het is iets meer dan een paar ton en levert wat bonussen op als Feyenoord wat dingen bereikt. Dan zal het een behoorlijk bedrag opleveren. Maar ik had liever Etiënne in huis gehouden."

De kans bij een topclub zat in zijn hoofd en liet hem niet meer los.
Ard de Graaf oer Etiënne Reijnen

De Graaf neamt it fuortgean fan Reijnen teloarstellend. "We hebben heel bewust de keuze gemaakt voor Etiënne. We hebben hem overtuigd van dit vak van technisch directeur. We waren uitstekend met elkaar aan het werk."

Cambuur hie de 36-jierrige âld-fuotballer ek oan syn kontrakt hâlde kinnen. Dat siet der neffens De Graaf lykwols net yn. "De kans bij een topclub zat in zijn hoofd en liet hem niet meer los. Na een dag of drie had ik wel door dat dit proces niet te stoppen was. En dan moet je ook kijken of je er met elkaar kunt uitkomen."

Reijnen sels is grutsk op syn nije baan, mar seit it op de webside fan Cambuur ek dûbeld te finen. "Omdat ik het enorm naar mijn zin heb bij deze voor mij bijzondere club en ik hier met fantastische mensen heb mogen werken."

Ard de Graaf, Henk de Jong en Etiënne Reijnen © Dijks Fotografie

Cambuur sil de kommende tiid op syk gean nei in opfolger foar Reijnen. Neffens De Graaf wol de klup net in ynterim-direkteur, mar ien dy't him foar langere tiid oan de klup ferbynt. "Anders wordt het een duiventil."

Op de koarte termyn sil in groepke meiwurkers it wurk fan Reijnen oernimme. "Met Henk de Jong als hoofdtrainer, Marco van der Heide vanuit de scouting, Fedrik Houtstra als hoofd jeugdopleiding. Dat is hetzelfde team waaraan Etiënne leiding gaf. Dat zullen we continueren, maar met een andere voorzitter."

It wichtigste dat dat ploechje op harren buord krijt is de winterske transferperioade yn jannewaris. Supporters hoege harren neffens De Graaf gjin soargen te meitsjen. "We hebben dusdanig veel kennis in huis dat we er vertrouwen in hebben dat we die winterse periode door komen."