Henk de Jong hat twa spitsen der wer by tsjin FC Eindhoven: "Ik wol mear spektakel sjen"

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Henk de Jong beskikt freedtejûn wer oer Milan Smit en Roberts Uldrikis. Se steane yn de útwedstriid tsjin FC Eindhoven beide yn de basis.
De basisopstelling feroaret dus, mar Henk de Jong lit syn ploech wol yn deselde formaasje spylje as ferline wike tsjin Telstar. Dat wol sizze: 5-3-2. "It hat tsjin Telstar goed wurke, dus dat hâld ik yntakt."
Smit ûntbruts tsjin Telstar fanwegen in skorsing, Uldrikis spile mei Letlân ynterlannen.
Henk de Jong sjocht foarút op de útwedstriid tsjin FC Eindhoven
"Ik wie tefreden oer de wedstriid tsjin Telstar", seit De Jong. "Mar ik wol yn Eindhoven mear spektakel sjen."
Earder dit seizoen waard it yn Ljouwert 2-2 tusken Cambuur en Eindhoven. De Jong ferwachtet dêrom freed wer in lykopgeande wedstriid. "Wy sille oanfallend spylje, dat sille sy ek dwaan."
Ik fernim in bepaalde schwung.
Henk de Jong sjocht fertrouwen yn syn seleksje
Mei in nij lykspul soe Cambuur neat opsjitte. De Ljouwerters moatte trije punten pakke om gjin efterstân op te rinnen yn de striid om play-offs.
De Jong sit der net oer yn. "Ik fernim in bepaalde schwung yn de groep dat we it echt helje kinne."
Cambuur fiert it winnende doelpunt yn Telstar
Cambuur fiert it winnende doelpunt yn Telstar © Orange Pictures
Hy hat ek noch wat te fieren. It is tongersdei presys in jier lyn dat De Jong operreare waard oan de kyste yn syn holle. It giet sichtber goed mei him. "Ik wurkje wer", sei er fleurich. "Jûn fiere we in lyts gesellich feestje mei de famylje."
De wedstriid tusken FC Eindhoven en SC Cambuur begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere. It ferslach út Eindhoven wei komt fan sportferslachjouwer Geert van Tuinen.