Omrop Fryslân

Cambuur hâldt fêst oan nij systeem: "We moeten ook resultaten halen"

Blydskip nei de wedstriid
© Dijks Media
In saaie wedstriid, en dan winne. It is net echt des Cambuurs, mar mei fiif ferdigeners kiest trainer Henk de Jong no foar resultaat.
Tsjin Telstar die it fertuten. Cambuur wûn yn eigen hûs mei 1-0. De foarige fjouwer kompetysjewedstriden ferlear Cambuur. En de lêste kear dat Cambuur yn de kompetysje it doel skjin hold, is mear as in heal jier lyn.
"We hebben niet vaak de nul gehouden", seit Remco Balk. Hy skoarde it iennichste doelpunt tsjin Telstar. "Nu hebben we niet veel weggegeven. Ik denk dat het nieuwe systeem ons daar ook bij heeft geholpen."
Remco Balk werd matchwinner tegen Telstar
"We kunnen goed voetballen, maar we moeten ook resultaten halen. De nul houden is goed, we scoren altijd wel."
Ik moet geen geel pakken, want dan krijg ik weer al die reacties.
Remco Balk
Balk is dit seizoen kampioen giele kaarten. Hy hat der al alve achter syn namme, en dêrmei is er de dubieuze koprinner yn de earste divyzje. It sit him dwers.
"Ik heb heel veel over me heen gekregen. En al die negatieve reacties, dat doet wel wat met me. Ik doe het ook niet altijd expres. En die mensen die dan wat zeggen, die kennen mij helemaal niet."
Remco Balk is de grutte man by Cambuur
© Dijks Media
"In de wedstrijd denk ik nu wel: ik moet geen geel pakken, want dan krijg ik weer al die reacties. Dat is lastig. Gelukkig heb ik nu al een paar keer geen kaart gehad, maar als ik er weer eek pak, dan gaat het er weer over."

Moaie jûn hân

Trainer Henk de Jong wol fierder mei dit systeem, seit er nei ôfrin fan de wedstriid. "Ik tink dat dat goed is. Ast wat feroarest, dan kostet dat tiid. Earst mar trije of fjouwer wedstriden hjirmei trochgean."
De Jong hat in moaie jûn hân, seit er. "Ik siet rêstich op de bank, dat wie wolris oars."
Henk de Jong hâldt fêst oan it nije systeem
"It wie net de moaiste wedstriid, mar dat komt ek trochdat sy ien-op-ien spylje. Dan komme wy hast net oan fuotbaljen ta. We kinne net opbouwe, want dan leit de bal by ús yn de goal as it misgiet."

De nul

Foar keeper Yanick van Osch is it moannen lyn dat er de nul hold. Mar winne is noch moaier, seit er. "We hebben al een paar wedstrijden niet gewonnen. Maar als ik moet kiezen: de drie punten."
"Dit kunnen we heel goed gebruiken, we hebben een paar lastige weken achter de rug. Het was misschien geen mooie wedstrijd om te zien, maar dat maakt niet uit, nu tellen alleen de drie punten."
Keeper Van Osch hold tsjin Telstar foar it earst yn moannen de nul
"Als keeper wil je altijd de nul houden, omdat dat al een poosje geleden is is het extra lekker als dat lukt. Maar ik heb niet heel veel te doen gehad, ik hoefde maar een paar keer in actie te komen. Het was een rustige avond."
Dat komt ek troch it nije systeem, seit er. "We spelen nu met een extra verdediger. Dat pakt goed uit. Als het aan mij ligt, houden we aan dit systeem vast."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.