Henk de Jong smyt prinsipes oerboard en begjint mei fiif ferdigeners: "It is needsaaklik"

Henk de Jong, SC Cambuur
Henk de Jong © Orange Pictures
Trainer Henk de Jong stelt sneon fiif ferdigeners op as SC Cambuur it opnimt tsjin nûmer achttjin Telstar. Nei fjouwer nederlagen op rige fynt De Jong dat er yngripe moat.
Cambuur stiet tolfde en kin him eins gjin misstappen mear permittearje, want dan driget de klup de neikompetysje te missen. Dat soe teloarstellend wêze, want kwa spilersbegrutting heart Cambuur by de bêste seis te einigjen.
"It fielt net lekker. It docht je wol sear", seit De Jong oer de minne perioade fan de ôfrûne tiid. "Wy besykje no wat oars te spyljen. Dat moat ek wol nei foarige wike. Der misse in soad jonges, dus it is wol oars as it kinne soe."

Wormgoor liket klear by Cambuur

Want de list mei ôfwêzigen is yndie grut foar sneon. De al langer blessearre spilers binne der net by, wêrûnder twadde oanfierder Michael Breij. Roberts Uldrikis is mei it nasjonale alvetal fan Letlân op paad en kluptopskoarer Milan Smit is skorst.
Dêr komt de absinsje fan Vito Wormgoor by. De ferdigener dy't yn jannewaris helle waard, hat op de training nei alle gedachten in skuorke yn syn hamstring oprûn. De 35-jierrige Wormgoor komt nei alle gedachten net mear yn aksje foar de Ljouwerters.
Vito Wormgoor hat syn lêste wedstriid foar Cambuur spile, tinkt Henk de Jong
Werom nei de wedstriid fan sneon. Cambuur sil Telstar dus yn eigen hûs bestride yn in 5-3-2-systeem. "It is no needsaaklik dat we sjogge dat we minder gau goals tsjin krije. Mar it is gjin garânsje", tinkt De Jong.
Opfallend is it wol. De Jong stiet foar oanfallend fuotbal en wol, seker yn it eigen stadion, it publyk altyd fermeitsje. Dochs kiest er no foar in opstelling mei fiif ferdigeners.
It sil net direkt yn ien wedstriid hiel geweldich gean.
Henk de Jong moat geduld ha mei syn nije systeem
Oan de iene kant dus om it tal tsjingoals te ferleegjen. Mar ek om de bân mei it publyk krekt te behâlden. In nije nederlaach soe de klik tusken fans en spilers ôfbrekke kinne, tinkt de Drachtster. "Sa't wy it op dit stuit dogge, dan rekkest it kwyt."
Boppedat fynt de Cambuurtrainer dat 5-3-2 net per definysje ferdigenjend hoecht te wêzen. De Jong: "Mei dit systeem kinst, ast it trochûntwikkelest, superoanfallend spylje. Ik bin wol hiel benijd, mar it sil net direkt yn ien wedstriid hiel geweldich gean."
Henk de Jong oer de lestige perioade dêr't Cambuur yn sit
Yn fergelyk mei de wedstriid fan ferline wike tsjin Jong AZ nimt Floris Smand no it plak yn fan de skorste Smit. It betsjut dat de twakoppige oanfal bestiet út Agustin Anello en Remco Balk.
Tsjinstanner Telstar stiet achttjinde, mar is de lêste wiken wol dwaande mei in opmars. Sûnt trainer Mike Snoei oardel moanne lyn dien krige nei in 6-1 nederlaach tsjin MVV, helle Telstar alve punten út seis wedstriden.
En dêr sieten drege potsjes by tsjin klups dy't boppe-yn meidogge, lykas Roda JC, FC Dordrecht en ADO Den Haag. "Telstar set hiel heech druk yn in selde soart systeem as wy no spylje. It wurdt wer in lestige pot", tinkt De Jong.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Telstar begjint sneontejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere. It ferslach út it Cambuur Stadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.