Omrop Fryslân

Hearrenfeanspits Van Amersfoort is ien dei yn 'e wike 'Boer Pelle'

Pelle van Amersfoort jout molke oan de kealtsjes op 'e pleats
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It is in bysûnder byld. Ien kear yn 'e wike spaant der in proffuotballer om op de pleats fan boer Bartele Holtrop by Rotstergaast. Op syn overall in pompeblêd, mei dêrûnder de opdruk Boer Pelle.
Boer Pelle is Pelle van Amersfoort. De 28-jierrige spits fan sc Hearrenfean is fanatyk jager en docht dat ûnder oare yn 'e greide by Rotstergaast.
Sa kaam er yn 'e kunde mei it konsept fan 'Boer Bart'. Dy hat in pleats mei melkfee, in eigen buorkerijwinkel, in boarterstún, fiedselbosk, grientetún mei kassen en in restaurant.

Kij melke

"Ik ben hier een keer gaan eten met mijn vriendin", leit Van Amersfoort út. "Dan maak je kennis met het concept en dat vond ik heel erg interessant. Ik sta heel erg achter biologisch eten en het puur natuurlijke van eigen bodem. Dat is echt iets om trots op te zijn."
Fuotballer Van Amersfoort rint staazje by it bedriuw fan Boer Bart
Sadwaande is de fuotballer tsjintwurdich hast alle wiken te finen yn Rotstergaast, meastentiids op tongersdei.
Kij melke, griente snije yn it restaurant of meidraaie yn it winkeltsje. Van Amersfoort draait de hân der net mear foar om.

Kealtsjes molke jaan

Dizze staazjedei stean de kealtsjes op it programma. Van Amersfoort mei molke út de grutte tank helje om dat mei in fleske oan de lytse bistjes te jaan.
"Prachtig", glimket er. "Dit is toch mooi om te doen? Zulke prachtige beesten, dat je daar onderdeel van mag zijn vind ik harstikke mooi."
Ik ben een jongen van het vissen en het jagen.
Fuotballer Pelle van Amersfoort
"It bliuwt fansels wol in fuotballer", laket Bartele Holtrop as him frege wurdt nei hoe't syn stazjêr it docht. Holtrop is, mei syn frou Rianne, eigener fan de pleats. "Dus by it fuotbaljen leit wol syn grutste talint."
"Mar in topsporter hat wol de mindset om wat te prestearjen en te kreëarjen. Ik hoopje dat hy yn de tiid dat er by ús meirint de dingen derút hellet dy't by him passe. As we him dat meijaan kinne, is dat foar ús goed genôch."

Jeugd

De oanfaller spilet al sûnt syn fyftjinde yn de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean, mar komt ut it Noard-Hollânske Heemskerk. Syn dream is om it konsept fan Boer Bart op te setten yn 'e omkriten fan syn berteplak.
"Ik denk niet dat ik in de toekomst een echte boer ga worden. Daar moet je denk ik mee opgegroeid zijn. Maar ik wil hier wel iets mee doen."
Van Amersfoort fiert in doelpunt tsjin Ajax
© Orange Pictures
"Hoe het er precies uit zal zien is ook nog niet duidelijk", giet er fierder. "Dat moet ik nog uitvogelen. Maar ik ben een jongen van het vissen en het jagen. Dus dat het iets met biologisch en duurzaam wordt, dat is duidelijk."

Fleis foar ploechgenoaten

Foar syn teamgenoaten by sc Hearrenfean nimt Van Amersfoort wolris in stikje fleis mei. "Ganzenworst of hertenbiefstuk die ik zelf geschoten heb. Als ze dat proeven vinden ze het altijd wel lekker, dat is wel een goed teken denk ik."
Pelle van Amersfoort oan it wurk yn de keuken
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Yn in wrâld fan glitter, glamour en hege salarissen falt de stap fan Van Amersfoort hoe dan ek op. Ek by syn ploechgenoaten. "Ik krijg er wel eens vragen over. Wat ik hier precies doe, en waarom eigenlijk."
"Dan leg ik uit dat ik in de toekomst iets in deze branche wil doen en dat ik het heel interessant vind en dat ik er veel van leer. Het eerste wat ze vaak zeggen is: dit past bij jou. Dat vind ik dan wel mooi om te horen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.