Sûnder bank buorkje: in reële opsje foar boeren?

Boer Bartele Holtrop yn de greide © Omrop Fryslân

Lânbou-ekonomen fan Wageningen University fine it plan om obligaasjes foar in boerebedriuw te ferkeapjen moedich, mar risikofol. Dat sizze se yn reaksje op de stap dy't Bartele Holtrop fan Rotstergaast set. Hy wol sûnder bank fierder buorkje.

Holtrop makke syn stap in pear moannen lyn bekend. De feehâlder dielt syn bedriuw op yn tûzen stikjes. Nijsgjirrigen kinne foar 1.000 euro in obligaasje keapje. Mei dat jild wol er de bank ôfbetelje en dan allinnich mei de obligaasjehâlders fierder buorkje. Dy obligaasjehâlders wurde net mei-eigener fan it bedriuw.

De obligaasje hat in lientiid fan tsien jier en it rendemint is twa prosint de jier. It is ek mooglik om iten te krijen yn stee fan jild.

Alternative betelfoarmen

"Het rendement is aan de lage kant, dus voor de obligatiehouder is het minder interessant", seit Jop Woltjer. Hy is ûndersiker fan de Wageningen University en spesjalisearre yn alternative betelfoarmen foar de lânbou. "Daarnaast moet de boer met duizend man in zee en dat is ongelooflijk veel."

Lânbou-ekonomen oer plannen boer Bartele: sympatyk, mar yngewikkeld

Wol sjogge de ûndersikers de stap fan Holtrop mei nijsgjirrige eagen oan. "Ik denk dat we heel veel sympathie hebben voor deze boer. We zien het fundamentele probleem van deze boer en eigenlijk de hele sector: de discrepantie tussen waar we als maatschappij voor willen gaan en de nadruk op de financiën in de bedrijfsvoering."

Woltjer doelt dêrmei op ien fan de diskusjepunten yn de hjoeddeistige lânbou. De boeren sitte yn in systeem dat sy mear melke moatte om finansjeel sûn te wêzen, wylst de oerheid de klam lizze wol op it beskermjen fan de natuer.

"Deze boer legt nu de nadruk op het klimaataspect en het maatschappelijk wenselijke aspect. Ik denk dat daar een rol voor de overheid ligt, dit kun je niet bij ondernemers neerleggen. Voor hen zijn er grote financiële risico's in deze constructie."

Gjin tafersjoch

De obligaasjes wurde sûnder tafersjoch fan de Autoriteit Financiële Markten (AFM) útjûn. De AFM soarget der gewoanwei foar dat bedriuwen har oan de regels hâlde en ôfspraken neikomme.

Je weet niet wat er gebeurt als je op de fles gaat.
Jop Woltjer, ûndersiker oan Wageningen University

Mar as de liening út minder as fiif miljoen de jier oan obligaasjes bestiet, is der gjin fergunningsplicht fan de AFM. Dat bringt risiko's mei, sizze de ekonomen. "Je weet dus niet wat er gebeurt als je op de fles gaat."

Fan ien bank nei tûzen minsken

Holtrop hat yntusken 300 ynvestearders oan him bûn. Dat betsjut dat der noch mear as 600 nedich binne. De boer is oan de gong mei it bouwen fan in winkel yn syn pleats. Dêr kinne de obligaasjehâlders ynkoarten mei in pas harren iten ophelje. Hy sjocht de gefaren ek, mar tinkt dat it gjin probleem opsmite sil.

"Wy ha op dit bedriuw meardere wizen om jild te fertsjinjen. Der is in boartersbuorkerij dêr't skoallen en bern komme kinne om te boartsjen. De molke wurdt gewoan ophelle en der komt aansen in winkel dêr't minsken iten helje kinne."

Jop Woltjer en Petra Berkhout fan Wageningen University © Omrop Fryslân

"Dêrnjonken hâldt de grûn altyd wearde, dus yn it uterste gefal kinne je dat ferkeapje as je fallyt geane. Der sitte yntusken sa'n soad poaten ûnder de tafel, dat dy hast net mear omfalle kin."

Fan rendemint nei maatskiplik winsklik

Yn Wageningen wurdt ûndersyk dien nei de lânbousektor. By ferskate wittenskippers giet it de lêste jierren oer de stikstofkrisis.

Ut ûndersiken komt nei foaren dat minder rendemintstinken ien fan de earste stappen yn de oplossing wêze kinne soe. Banken gean no noch te folle út fan it meitsjen fan winst, wylst der eins mear omtinken komme moat foar de gefolgen foar natuer en miljeu.

Op polityk nivo is der diskusje oft de oerheid meibetelje moat om boeren te helpen. Foar boeren is it no better om bygelyks kij te melken op in greide as om it lân yn te siedzjen foar de greidefûgel.

Boer Bartele Holtrop © Omrop Fryslân

Holtrop set de earste stap rjochting it ferlitten fan it rendemint. Dat is neffens lânbou-ekonoom Petra Berkhout fan Wageningen in moai stribjen. "Je ziet dat mensen waarde hechten aan de natuur en daarom nu ook al investeren in de boer. De wens vanuit de maatschappij is er."

Gefaren foar boer en ynvestearder

Dochs binne der ek gefaren, seit Berkhout. Sy tinkt dat de konstruksje foar de boer en de ynvestearders yngewikkeld wurdt. "Het lastige is dat je afhankelijk wordt van de goodwill van een kleine groep mensen. Die moet je bij het bedrijf zien te houden."

Het is voor de boer ook een hele investering om met duizend mensen te overleggen.
Petra Berkhout, lânbou-ekonoom oan de Wageningen University

"Daarnaast is het voor investeerders een risico, want je investeert onder losse voorwaarden. Het is niet helemaal helder wat er gebeurt als de boer ziek wordt of de boerderij op de kop gaat. Het is voor de boer ook een hele investering om met duizend mensen te overleggen."

Gjin foarbyld foar oare boeren

Holtrop hat yntusken fan ferskate ûndernimmers heard dat dy itselde dwaan wolle. Mar Berkhout tinkt net dat it de nije moade wurdt yn de lânbousektor. "Het is geen voorbeeld voor andere boeren. Het is een niche met risico's en het is een grote stap om er een hele bedrijfsvoering op in te richten. Wat gebeurt er bijvoorbeeld als je failliet gaat?"

Neffens har freget it in soad fan de boeren om dit te dwaan njonken it gewoane buorkjen. "Onderschat dat niet, je moet er heel veel tijd aan spenderen."