Van Amersfoort bliid dat hy fan de nul ôf is: "Het vrat aan me"

Sportcast mei Pelle van Amersfoort © Omrop Fryslân

It is noch krekt gjin nasjonale diskusje: wa moat der yn de spits by Hearrenfean? Is dat Daniel Karlsbakk? Ion Nicolaescu miskien? Of moat Pelle van Amersfoort der yn? Dy lêste is te gast yn de Sportcast. Yn de lêste kompetsjewedstriid skoarde hy syn earste goal fan dit seizoen. "Het vrat aan me."

Hearrenfean begûn dit seizoen mei Nicolaescu yn de basis. Nei de 3-0 nederlaach tsjin Excelsior paste trainer Kees van Wonderen dat lykwols oan. Van Amersfoort waard de nije earste spits.

Van Amersfoort: "Wat wij meer nodig hadden, was een type spits zoals ik. We stonden verdedigend niet altijd goed. Ik weet dan beter wat er gevraagd wordt."

Sportferslachjouwer Roelof de Vries fynt it logysk dat Van Amersfoort no spilet, mar hy fynt Nicolaescu wol de bettere spits. "Ik tink dat Nicolaescu úteinlik de bêste spits is. Mar we ha noch net in soad fan him sjoen. Karlsbakk is miskien de meast talintfolle spits, mar dêr ha we ek noch net genôch fan sjoen. Mar ik snap wol wêrom't Van Amersfoort no spilet."

Van Amersfoort begrypt de diskusje oer de spitsposysje, mar tinkt ek dat de trije spitsen dreech te fergelykjen binne. "Het is misschien een beetje appels met peren."

De iene spits, sa as Nicolaescu, is miskien mear in doelpuntemakker, mear as Van Amersfoort. Al counteret hy dat fuort mei wat sifers oer syn tiid by MKS Cracovia.

"In Polen heb ik dertig goals gemaakt in drie seizoenen. In dat opzicht denk ik wel dat ik een killer ben. Op de trainingen schiet ik ze er ook lekker in. Maar ik ben blij dat ik nu van die nul goals in de eredivisie af ben, want het ging aan mij vreten."

Bergsma wie in eangstige mûs
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen

Cambuur spile snein mei 1-1 lyk tsjin Roda JC. Dêrfoar waard fjouwer kear wûn. Ferslachjouwer Geert van Tuinen is bot te sprekken oer trainer Henk de Jong. Foaral oer hoe't de spilers no op it fjild stean.

"Ik fyn dat hy de spilers better makket. Bergsma wie in eangstige mûs. Hy wie himsels kwyt, hie gjin inkeld fertrouwen ûnder de foarige trainer en Henk komt en no rint hy mei de boarst foarút."

Tusken plak 5 en 8

Sa posityf as hy is oer de ûntwikkeling fan it team, sa weromhâldend is Van Tuinen oer de posysje op de ranglist nei 38 wedstriden. "We moatte ek net oerdriuwe fierder. Se einigje tusken de plakken 5 en 8. That's it. En se krije ek noch wolris billekoek."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.