Jelmar (11) komt yn aksje foar kankerûndersyk: "Ik heb zelf een hersentumor"

koarte broek, KiKa, It Hearrenfean
Bern fan Het Slingertouw yn de koarte broek © Omrop Fryslân
Yn de koarte broek nei skoalle om jild op te heljen foar ûndersyk nei bernekanker. Op guon skoallen yn Fryslân binne dizze wike aksjes foar de Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa) opset.
De bern fan iepenbiere basisskoalle Het Slingertouw op It Hearrenfean stiene moandeitemoarn mei harren koarte broeken yn 'e kjeld op it plein foar de skoalle. Ek de dosinten en guon âlden diene mei.
De aksje op Het Slingertouw waard opset troch Jelmar (11) en syn broerke Timo (8). Jelmar is sûnt begjin dit jier slim siik. "Ik heb zelf een hersentumor, kanker", sa fertelt er.
Koarte broek oan foar KiKa
"We gaan nu een week lang met de hele school in de korte broek lopen om geld op te halen voor onderzoek. Om het nog beter te kunnen te bestrijden en om te zorgen dat zo min mogelijk kinderen ziek worden."
De ôfrûne tiid hat Jelmar ek meardere kearen in skoft yn it sikehûs lein. Yntusken giet it nei omstannichheden goed nei him. Hy leit twa kear yn 'e wike yn it swimbad, want it swimmen is syn grutte passy.
koarte broek, KiKa, It Hearrenfean
Jelmar (links) en syn broerke Timo © Omrop Fryslân
"Nu gaat het wel goed", seit Jelmar weromsjend op de ôfrûne wiken. "Maar ik krijg om de drie weken chemotabletten, daar word ik wel echt ziek van, maar daarna gaat het wel weer goed."

Kollum

Ek yn Kollum stiene de skoalbern moandeitemoarn yn de kjeld. Dêr lei it inisjatyf foar de aksje by de lokale brânwacht.
"Dit is de KiKa-startwike", fertelt Albert Hoof fan de brânwacht yn Kollum. "Wy dogge dit foar de bern mei kanker. Ik bin sels mei de sykte konfrontearre en wie fan doel om wat foar de bern te dwaan. Dêrom dat wy dit no ek yn Kollum dogge."
Minsken kinne donearje om de bern by de aksje te stypjen. De koarte broeke-aksje duorret noch de hiele wike.