Redúster bern yn koarte broek nei skoalle om jild yn te sammeljen foar KiKa

De bern yn harren koarte broek © Omrop Fryslân
De temperatuer is de ôfrûne dagen wer wat heger, mar om no te sizzen dat it echt koarte broeke-waar is. Dochs hie tiisdei op de Trije Doarpen Skoalle yn Reduzum hast elkenien in koarte broek oan. En dat hie in reden.
De bern fan de Redúster skoalle dienen nammentlik mei oan de lanlike koarte broeke-aksje fan Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa). It idee kaam fan de 11-jierrige Maren. Sy hat sels in sus mei kanker en kaam mei it plan om jild op te heljen foar de stichting. Dêr moast dan fansels wol in tsjinprestaasje tsjinoer stean.
Bern yn de koarte broek nei skoalle
De bern lieten harren sponsorje troch buorlju, famylje en freonen. It doelbedrach wie 4.500 euro, mar dat waard tiisdeitemoarn al helle. Yntusken stiet de teller op goed 5.200 euro. De aksje rint noch oant de krystfakânsje.