Omrop Fryslân

Cambuur komt net yn 'e problemen en wint oertsjûgjend fan FC Eindhoven

De Ljouwerters fiere ien fan de yn totaal trije doelpunten
© DijksFotografie
SC Cambuur hat freedtejûn in komfortabele oerwinning behelle. De útwedstriid tsjin FC Eindhoven waard mei 3-0 wûn troch de Ljouwerters, dy't eins gjin momint yn 'e problemen kamen.
It is de twadde oerwinning op rige foar Cambuur, nei de 1-0 winst fan ferline wike yn it eigen stadion tsjin Telstar.
De wedstriid yn it Jan Louwers Stadion begûn frij rêstich. Oan beide kanten wiene wat kânskes. Keeper Yannick van Osch moast twa kear yn aksje komme; foar in kopbal en dêrnei noch foar in skot.
Yn de 26e minút kaam Cambuur ynienen op foarsprong. Milan Smit krige de bal, naam oan mei links en skeat kreas mei rjochts yn: 0-1 foar de Ljouwerters.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch, Ottesen (84. Mercera), Tol, Smand, Bergsma, Sylla, Van Kaam (88. Pichel), De Jong (84. Van Mullem), Smit (71. Nartey), Uldrikis (88. De Koe), Balk.
Krekt foar it skoft waard it noch moaier foar Cambuur. De perioade dêrfoar wie noch wat ûnrêstich, mei inkelde ynsidinten oan beide kanten. Yn de 42e minút ferdûbelen de Ljouwerters de skoare. Remco Balk wie ferantwurdlik foar de 0-2 mei in prachtige omhaal.
Cambuur begûn de twadde helte mei in moaie útgongsposysje. De ploech fan Henk de Jong brocht de marzje krekt nei it skoft ek hast noch op trije doelpunten. Nei in moaie aksje fan Milan Smit kaam de bal by Roberts Uldrikis, mar syn skot waard krekt foar de goal blokkearre.
It earste doelpunt fan Milan Smit
© DijksFotografie
De 0-3 kaam der efkes letter noch. De oanfal waard opset oan de rjochterkant, wêrnei't de bal by Daniël van Kaam terjochte kaam. Hy sette Cambuur op de tige lúkse foarsprong.
Yn de lêste minút fan de wedstriid hie ynfaller Milan de Koe sels noch in fjirde treffer meitsje kinnen. Kâld yn it fjild krige hy de bal, mar hy skeat krekt njonken it doel.

Tsiende plak

Troch de winst stiet Cambuur op dit stuit op it tsiende plak yn de earste divyzje mei 45 punten. Kommende freed spilet de klup in thúswedstriid. Dan komt ADO Den Haag op besite yn Ljouwert.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.