Paad frij foar Lambooij nei Cambuur: klup mei him foar in ton oernimme fan RKC

cambuur
Lars Lambooij © Dijks Fotografie
SC Cambuur kin foar 100.000 euro syn winske technysk direkteur oernimme. Dat is neffens de arbitraazjekommisje fan de KNVB it bedrach dat de Ljouwerters oan RKC Waalwijk betelje moatte foar Lars Lambooij.
Op dit stuit is Lambooij haadscout by RKC. Cambuur wol him graach oanstelle as nije technysk manager, mar Lambooij hat noch in kontrakt foar twa seizoenen by RKC. Dy klup wol him net gean litte en frege dêr 250.000 euro foar.
Om dochs in oergong te forsearjen, tsjinne woansdei in arbitraazjesaak wêryn't Lambooij tsjinoer syn hjoeddeiske klup stie. Hy woe syn kontrakt ûntbine litte.
Dêr giet de arbitraazjekommisje net mei akkoart. De kommisje seit wol dat tsjin in fergoeding fan 100.000 euro it kontrakt wol ûntbûn wurde kin. "Dat was de vraag, of het contract ontbonden zou kunnen worden en tegen welke prijs", seit direkteur Ard de Graaf fan Cambuur.
Wij zijn hier wel positief over.
Direkteur Ard de Graaf
Yn dat ljocht is De Graaf, nettsjinsteande dat Cambuur offisjeel gjin partij is yn it skeel tusken Lambooij en RKC, tefreden. "Wij zijn hier wel positief over en zullen ons de komende tijd met Lars en zijn zaakwaarnemer gaan beraden."
ANP
In wedstriid yn it Cambuurstadion © ANP
Cambuur wol net lang mear wachtsje mei it oanstellen fan in technysk manager, dus beide partijen sille fluch mei-inoar om tafel. De ferwachting is dat de 100.000 euro wol op it kleed komme sil. Ynset fan it petear tusken Cambuur en Lambooij is hoe't se dat kosteplaatsje ferdiele sille.
De funksje fan technysk manager soe yn de eagen fan Lambooij in stap omheech wêze en boppedat kin er by Cambuur "aanmerkelijk meer" fertsjinje, neffens syn advokaat.
RKC fynt dat it hielendal gjin stap omheech is en wol Lambooij oan syn kontrakt hâlde.
Lars Lambooij is in 35-jierrige Noard-Brabanner en is de lêste fjouwer jier wurksum as haadscout by RKC Waalwijk. Dy funksje hie hy earder by Go Ahead Eagles. Syn kontrakt by RKC rint noch twa jier troch. Yn it ferline spile Lambooij yn it betelle fuotbal by Veendam en Go Ahead Eagles.
By Cambuur soe Lambooij de opfolger wurde moatte fan Etiënne Reijnen, dy't fiif moannen lyn syn funksje dellei om assistint-trainer te wurden by Feyenoord. Dy klup betelle doe inkele tonnen om Reijnen oer te nimmen fan Cambuur.
Cambuur sjocht yn Lambooij ien dy't itselde soart profyl as Reijnen hat: jong, ambisjeus en feardich yn de digitale wrâld. Cambuur is op syk nei in technysk manager dy't goed is mei fideo en data, en dat kombinearje kin mei scouting.