Hoe tinkt de fuotbalwrâld oer it fuortgean fan Etiënne Reijnen? "Wrang voor Cambuur"

Etiënne Reijnen © Tom Bode

Etiënne Reijnen kin by Feyenoord in ferbiner wêze tusken de technyske stêf en de spilers. Dat tinkt Gertjan Verbeek, dy't Reijnen as trainer fan Zwolle nei AZ helle.

It hong al in oantal dagen yn 'e loft en woansdei makken Feyenoord en Cambuur offisjeel bekend dat Reijnen fuortgiet út Ljouwert om assistint te wurden fan trainer Arne Slot by Feyenoord. It ôfrûne healjier wie er technysk direkteur by Cambuur.

It is in opfallende stap, om't Reijnen ôfrûne simmer krekt it trainingsfjild ferruile hie foar it kantoar. Foardat er by Cambuur oan 'e slach gie as direkteur, wie de âld-fuotballer nammentlik assistint-trainer by PEC Zwolle.

Arne Slot

De man dy't Reijnen nei Feyenoord helle hat, is trainer Arne Slot. De twa hawwe in skiednis meiïnoar. Se spilen tegearre by - doe noch - FC Zwolle. En doe't Slot letter assistint-trainer wie by Cambuur, wie Reijnen dêr spiler.

Feyenoord-trainer Arne Slot © Orange Pictures

Earder dizze wike fertelde Slot op de parsekonferinsje foar it Champions League-duel mei Atletico Madrid wêrom hy Reijnen graach yn syn stêf ha wol. "Uiteindelijk is een belangrijk criterium dat je iemand goed moet kennen, als je hem midden in het seizoen aantrekt. Daarnaast kijk je ook altijd naar kwaliteit. Ik denk dat Etiënne een zeer talentvolle trainer is."

"Het is niet voor niets dat zijn vorige trainer Dick Schreuder hem al, ik chargeer, zes maanden bijna elke dag belt of-ie mee wil naar Spanje. Dat geeft aan dat hij een heel talentvolle trainer is. Dat zochten we ook, naast de ervaring die we al hebben met John de Wolf, Sipke Hulshoff en mezelf."

Analist en adviseur

Reijnen is mei syn 36 jier mar in pear jier âlder as de fuotballers fan Feyenoord. Ek dat hat deroan bydroegen dat Slot him graach hawwe woe yn syn technyske stêf. "Het is iemand die jong is en de aansluiting met de kleedkamer heel goed kan maken."

De offisjele funksje dy't er krijt by Feyenoord, is analist en adviseur fan de technyske stêf.

Hans Nijland

It ôfrûne healjier wie Hans Nijland nau belutsen by de begjinstappen dy't Reijnen sette as technysk direkteur. Ut fuotbalbûn KNVB wei is der in buddytrajekt, wêryn't âld-direkteuren ynset wurde om nije fuotbaldirekteuren te begelieden. Dêryn wie Nijland oan Reijnen keppele.

Beiden binne dêrneist beslist net ûnbekend foar inoar. Reijnen spile tusken 2015 en 2018 by FC Groningen, dêr't Nijland op dat stuit algemien direkteur wie.

Hans Nijland yn syn tiid as direkteur by FC Groningen © Orange Pictures

De no 63-jierrige Nijland waard koartlyn troch Reijnen op de hichte steld fan de oerstap nei Rotterdam. "Ik snap wel dat hij het doet, maar het is nogal wat", fynt Nijland. "Kun je toch zien hoe gek het in dit wereldje kan lopen."

"Het is een jongen die nog maar net gestopt is met voetbal en van Cambuur een geweldige kans krijgt om technisch directeur te worden. Daar heb je met je volle verstand voor gekozen. En dan ben je drie of vier maanden verder en is het al einde oefening", konkludearret Nijland, dy't it beslist net oankommen seach.

Ik vind het voor Etiënne een mooie stap, maar ik vind het heel wrang voor Cambuur.
Ald-fuotbalbestjoerder Hans Nijland

Neffens Nijland kin Reijnen yn de takomst profitearje fan de gearwurking mei Slot. "Ik stel me voor dat als Slot naar Engeland of Spanje gaat, de kans heel reëel is dat hij Reijnen meeneemt. Dan train je met de beste spelers van de wereld."

Oft dat barre sil, is lykwols ôfwachtsjen. Nijland fynt it yn alle gefallen net hiel loyaal fan Reijnen rjochting Cambuur ta om nei in healjier alwer fuort te gean. "Ik vind het voor Etiënne een mooie en bijzondere stap, maar ik vind het heel wrang voor Cambuur."

Earder oerstappe

It past by in ûntwikkeling yn de fuotbalwrâld, sjocht Nijland, dy't sels noch altyd de langstsittende direkteur yn it betelle fuotbal is. "Voetballers maken stappen als ze bij een grote club terechtkomen. Dat geldt ook voor trainers. En tegenwoordig zie je dat ook bij directieleden."

Nijland: "Vroeger in onze tijd was het ondenkbaar dat je voor een andere club voorzitter of directeur zou worden. Kijk maar naar mannen als Riemer van der Velde (sc Hearrenfean), Jan Smit (Heracles Almelo), Jorien van den Herik (Feyenoord) en mijn persoontje (FC Groningen)."

Gertjan Verbeek

De paden fan Reijnen en Gertjan Verbeek krústen inoar tusken 2011 en 2014. Verbeek wie op dat stuit trainer fan AZ en hy makke him sterk foar de komst fan Reijnen nei de Alkmaarders. It twatal wurke trijënheal jier meiïnoar. "Het is een ongelooflijk aardige gast, die meteen goed valt in de groep. Een echte verbinder", wit Verbeek noch.

Nettsjinsteande it feit dat Reijnen by AZ net ûnomstriden wie, hat er wol in goeie yndruk efterlitten op syn âlde trainer. "Het was wel een winnaar. Ik heb prettig met hem samengewerkt. Je kon goed met hem over voetbal praten. En het was een plezierige jongen in de groep, een echte teamspeler die heel zelfkritisch was."

Etiënne Reijnen as spiler fan AZ neist trainer Gertjan Verbeek © Orange Pictures

"De stappen die Etiënne op dit moment gezet heeft in zijn carrière na het voetbal zijn niet even logisch", fynt Verbeek. "Hij heeft verschillende petten op gehad en toen hij van Zwolle naar Cambuur ging als 'td', had ik het idee dat hij zich in die richting wilde ontwikkelen. Nu gaat hij toch weer het veld op. In die zin vond ik het wel verrassend."

De grutte fraach is neffens Verbeek wêr't de ambysje fan Reijnen leit: is dat yn it kantoar of op it fjild. Mei dizze stap liket it dat lêste te wêzen. "Hij is er misschien achter gekomen dat 'td' niet is wat hij ambieert. Hij krijgt nu een heel mooie uitdaging om aan te gaan, maar naar Cambuur toe is het niet zo fraai."

Slot heeft aangegeven dat hij en Etiënne een klik hadden. Dat is niet onbelangrijk in de slangenkuil van het betaalde voetbal.
Gertjan Verbeek.

It soe wêze kinne dat it direkteur-wêzen minder goed by Reijnen paste, seit Verbeek. "Misschien viel het hem ook wel wat tegen gezien de mogelijkheden bij Cambuur, maar dat is interpretatie. De ervaring neemt hij wel mee. Het is duidelijk dat hij nu kiest voor het veld."

Dat Slot útkomt by Reijnen as oanfolling op syn technyske stêf, begrypt Verbeek wol. "Het voordeel is dat hij met Etiënne heeft gevoetbald en samengewerkt. Hij weet hoe Etiënne als mens is en hoe hij hem aanvult. En hij heeft aangegeven dat hij en Etiënne een klik hadden. Dat is niet onbelangrijk in de slangenkuil van het betaalde voetbal."