Josse Wester set mei 'Tour de Tietema' de Ronde fan Frankryk op syn kop

Josse Wester
Josse Wester © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Josse Wester en syn freonen sette al fiif jier lang de hurdfytswrâld op syn kop mei it populêre YouTube-kanaal 'Tour de Tietema'. Sûnt ferline jier ha se ek in eigen ploech, wêrmei't se yn 2026 fan start wolle yn de Tour de France.
Oft Wester syn dream libbet? Hy laket. "Miskien in nij ûntsteane dream."
"Foarhinne hie ik earder tocht dat ik by sc Hearrenfean kommersjeel direkteur of soks wurde woe. Mar einliks is dat, as ik der no by stilstean, presys geande. Allinnich dan mei myn eigen sportploech, dus dat is miskien noch wol moaier."
Wat is de rol fan de twa Friezen yn de suksesfolle hurdfytsploech Tour de Tietema?
It aventoer begûn foar de Wynjewâldster yn 2019, doe't hy noch in oare baan hie yn Amsterdam. Hy wie wolris ta oan wat nijs en krekt op dat momint kaam Tour de Tietema op syn paad.
Bas Tietema, inisjatyfnimmer fan it konsept, hie Wester syn kollega Devin van der Wiel frege oft hy mei woe nei de Tour de France. Tietema hie it idee om ludike opdrachten út te fieren by de etappekoers en hy socht noch in kameraman foar it fêstlizzen dêrfan.
Josse Wester (l), Bas Tietema en Devin van der Wiel, de grûnlizzers fan Tour de Tietema
Josse Wester (l), Bas Tietema en Devin van der Wiel, de grûnlizzers fan Tour de Tietema © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Wester hearde oer it plan en waard entûsjast. "Ik sei tsjin Devin: 'As jimme noch in tredde man sykje dy't dingen regelje moat en dy't kommersjeel de boel wat optuge kin, dan liket my dat wol hiel moai'."
En sa barde it. Reedlik op 'e bonnefoai reizgen se mei syn trijen nei Frankryk, sûnder parse-akkreditaasjes en sliepplakken.
"Ik hie eins gjin idee wat ik ferwachtsje koe", fertelt Wester. "Ik fûn it gewoan in nijsgjirrige wrâld en ik tocht: as it neat wurdt, dan ha ik yn elts gefal in moaie moanne hân."

Fernijend en ferfrissend

Mar de filmkes sloegen yn as in bom. Wester-en-dy brochten nij elan yn de dochs wol frij konservative hurdfytswrâld en dêr't de 'gewoane' media foaral in wat âlder publyk betsjinnen, berikten de trije pioniers mei harren challenges no ek in jonger segmint.
It sukses siet him benammen yn de orizjinele wize wêrop't se de riders oansprutsen.
"It binne gewoanwei allegearre tradisjonele media dy't by de koers komme, dy't stik foar stik deselde fragen stelle. Se stean faak mei syn tritigen op in rychje nei in wedstriid."
Peter Sagan sei: ‘Ik wol hiel graach meiwurkje, ik fyn it fantastysk’.
Josse Wester
Foar hurdfytsers wie it hiele Tour de Tietema-konsept dan ek ferfrissend. Sa wie de ûnderwilens ôfswaaide findeldrager en trijefâldich wrâldkampioen Peter Sagan ien en al ear.
"Hy sei: 'Ik wol hiel graach meiwurkje, ik fyn it fantastysk.' Doe tochten we echt: huh, wat bart hjir?!"

Jierlikse wheelie contest

Yntusken binne Wester en syn freonen fêste klant yn de Tour. De opdrachten dy't se elts jier útfiere rinne fier útein. Sa diele se steefêst pizza's út op de Champs-Élysées en beklimme se bergen op bygelyks in bernefyts, klapfyts of tandem.
Ek organisearje se alle jierren de ferneamde wheelie contest, wêrby't riders besykje sa fier mooglik te fytsen, wylst se allinnich op harren eftertsjil balansearje.
Josse Wester jout in pizza oan twafâldich Tourwinner Tadej Pogačar
Josse Wester jout in pizza oan twafâldich Tourwinner Tadej Pogačar © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Njonken de Tour de France-filmkes ferskynden der ek oare fideo's, lykas de 'Josse gaat voor Goud'-rigel. Yn dizze searje waard Wester, dy't op dat stuit noch mar in jier fytste, folge yn syn besykjen de Noard-Brabânske 'Ronde van Hank' te winnen.
Josse Wester stiet oan de basis fan it populêre Tour de Tietema
Wylst Wester en syn kollega's dus drok dwaande wiene mei harren YouTube-kanaal, wurken se op de eftergrûn ek oan it ferwêzentlikjen fan in oare dream: it oprjochtsjen fan in eigen hurdfytsploech. "Oardel jier lyn slagge dat en sûnt dy tiid is it ferskriklik hurd gien."
Hartthijs de Vries fan Kollum wûn yn 2023 it einklassemint fan Kreiz Breizh
Hartthijs de Vries fan Kollum wûn yn 2023 it einklassemint fan Kreiz Breizh © Joren Benjamins/Tour de Tietema
It debútjier ferrûn fuortendaliks suksesfol foar TDT-Unibet mei oerwinningen yn de ZLM-Tour en de fjouwer dagen duorjende etappekoers Kreiz Breizh. Boppedat makke it team de oerstap nei it prokontinintale nivo, wêrop't se dit jier foar it earst ride.

Wildcards foar de Champions League

De promoasje betsjut dat TDT-Unibet no in profploech is dy't aktearret op it ien-nei-heechste nivo fan it hurdfytsen en wildcards krije kin foar wedstriden op it heechste nivo.
Of sa as Wester it sels útleit: "Do kinst as earedivisjonist útnûge wurde foar de Champions League."
De grutte koersorganisatoaren wolle dochs sjen oft it lytse 'dreumeske' de apekoai oerlibbet.
Josse Wester
Dat de nije status as prokontinintale ploech druk mei him meibringt, ûnderfûn ek Wester doe't hy begjin febrewaris mei it team ôfreizge nei de Ronde fan Antalya.
"De grutte koersorganisatoaren wolle dochs sjen oft it lytse dreumeske de apekoai oerlibbet."
De ûntlading wie dan ek enoarm doe't Hartthijs de Vries de lêste etappe fan de koers op syn namme skreau en dêrmei ek noch ris de griene puntetrui ynhelle. "It wie in bytsje nei de hiele wrâld fan: sjoch, wy kinne dit best wol oan."
Hartthijs de Vries en Josse Wester nei de oerwinning yn de Ronde van Antalya
Hartthijs de Vries en Josse Wester nei de oerwinning yn de Ronde van Antalya © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Dat TDT-Unibet thúsheart yn it profsirkwy wolle de riders op 14 april ek bewize, as se starte yn de Amstel Gold Race.
Foar de ploech wurdt it de earste krêftmjitting op it alderheechste hurdfytsnivo en de dielnimming oan dizze WorldTour-koers betsjut dan ek folle.
Dat Tour de Tietema de Amstel Gold Race ride mei, is in dream dy't útkomt foar oprjochter Josse Wester
It grutte doel fan it team is om oer in pear jier, it leafst al yn 2026, mei te dwaan oan de Tour de France. "Ik wit net oft it realistysk is, mar it kin hiel rap gean."
Wester genietet yn elts gefal fan de rûte dy't syn ploech yn de Tour bringe moat.
"Ik tink einliks dat ik mear wille helje út de wei der nei ta. Oft it dan wol of net slagget is eins ûnderhearrich, want wat we no meimeitsje is tink ik it meast bysûndere."

Piter Wilkens troch de lûdsprekkers

Sa as Tour de Tietema dus in fernijende stimpel op de hurdfytswrâld drukt, sa probearret Wester tegearre mei De Vries ek wat Fryske kultuer yn it peloton te bringen. Binnen harren team wurde de twa ek wol gekjeiend de 'Friezen om utens' neamd.
"As der oare minsken yn de auto sitte, dan krije se gewoan Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en de Doelleazen te hearren", seit Wester. "De Belgen en benammen ek de Denen en de Fransen moatte der neat fan ha, mar dochs besykje wy it der wol in bytsje yn te krijen."