Hartthijs de Vries fan Kollum wint hurdfytskoers Kreiz Breizh yn Frankryk
Hartthijs de Vries hat de einoerwinning pakt yn de swiere hurdfytskoers oer meardere dagen Kreiz Breizh yn Frankryk.
De Kollumer kaam op 80 kilometer foar de finish by de kopgroep mei Florian Dauphin, Mathias Le Turnier en klassemintslieder Jack Rootkin-Gray.
Hast wist de hurdfytser fan Tour de Tietema moandei ek de slotetappe te winnen, mar úteinlik einige er as twadde efter de Frânsman Pierre Thierry. Dat wie genôch om elkenien te passearjen yn it einklassemint.