Sjoch hjir hoe't Hartthijs de Vries it NK tiidriden belibbe
It NK tiidriden gie foar Hartthijs de Vries net sa as ferwachte
Hartthijs de Vries die woansdei mei oan it Nederlânsk kampioenskip tiidriden. De 26-jierrige hurdfytser út Kollum lei troch in swier ûngelok yn Spanje op 13 jannewaris noch yn de kreukels.
In klaplong, in ynskuorre krúsbân en in ferbrizele skouderblêd soargen derfoar dat hy moannen net fytse koe. Mar sûnt in oantal wiken hat hy de smaak wer te pakken. Oant ferline wike. Hy foel yn de ZLM Tour hurd op syn knibbel. Woansdei wie it tiid foar ien fan syn spesjaliteiten: tiidride.