Fan swier ûngelok nei triomf? Hartthijs de Vries wol skitterje yn oanrin nei NK

Hartthijs de Vries wol by de ZLM Tour sjen litte dat er klear is foar it NK hurdfytsen, dêr't er syn bêste prestaasje oant no ta sjen litte wol. En dat wylst er noch mar krekt opknapt is fan in heftich ûngelok, wêrby't er swierferwûne rekke.
Freed 13 jannewaris is foar Hartthijs de Vries in dei dy't er net samar ferjitte sil. By in training yn Spanje kaam er telâne yn in ûngelok wêrby't ferskate auto's belutsen wiene. Hy hold der ferskate brutsen bonken, in klaplong en in harsenskodding oan oer. It duorre moannen foardat er wer fytse koe.
Gjin oantinken oan ûngelok
Sels wit er neat mear fan it ûngelok ôf. "Ik wit net wat der krekt bard is, want ik bin de hiele middei en jûn fan it ûngelok kwyt." Dat hat neffens De Vries wol holpen by it ferwurkjen fan it ûngelok. "Miskien wol, want ik sit der no net mear mei."
De Vries siet noch net sa lang by syn nije ploech TDT-Unibet doe't it ûngelok barde. Hy wie ek noch earder nei Spanje gien om alfêst te trainen om sa fit oan it trainingskamp te begjinnen. "It wie foaral skande om't ik krekt by de ploech siet en dan wolle je der ek fan it begjin ôf by wêze."

Ein febrewaris wienen de earste wedstriden fan it seizoen, wêrby't De Vries dus ûntbruts. "Ik ha it earste part mist, wat fansels superspitich is. Mar út de ploech wei wie der alle rêst om op te knappen. Ek haw ik in langer kontrakt, dus it wie gelokkich net sa dat ik my yn dy moannen bewize moast."
Yn de perioade dat er refalidearje moast, hie er wol it gefoel dat it hiel lang duorje soe. "As sporter wolle je alle dagen mei je fak dwaande wêze. Ast in ûngelok lykas mynt meimakkest, dan kinst echt hielendal neat dwaan. Dan is it gewoan de tiid trochkomme en besykje om alle dagen mei lytse stapkes te refalidearjen. Om sa gau mooglik wer oan de bak te kinnen."
Sa gau wer op nivo
Pas sûnt in pear wiken is De Vries folslein yn steat om wedstriden te fytsen en is er ek wer sa goed as de âlde. "Ik ha fansels noch hieltyd wol wat dingen dy't noch better kinne. De earms en skouders funksjonearje noch altyd net 100 prosint. En de krúsbân is ynskuord, dus dêr haw ik ek noch wol lêst fan. Mar oer it algemien giet it bêst goed."
Syn comeback makke er by de ronde fan Oerisel. Dêr gunden syn ploechgenoaten him de nûmer 1 fyts fan it team. In moai momint foar De Vries. "De earste wedstriden giene hiel goed. Yn myn twadde wykein rieden we wedstriden yn Denemarken en doe waard ik al fiifde. Dus eins wie ik fan de earste wedstriid ôf wer op nivo, en no fernim ik alle wiken wer dat it nivo in stikje omheech giet."
Ik hie in hiel soad ferskillende letsels en ek de dokters hiene net ferwachte dat ik foar de simmer wer wedstriden fytse soe.
Dat de yn Kollum berne hurdfytser sa gau wer op nivo siet, hie er sels yn alle gefallen net ferwachte. "Ik bin fansels wolris faker fallen en ha ek wolris wat brutsen. Mar dit wie wol echt even wat oars. Ik hie in hiel soad ferskillende letsels en ek de dokters hiene net ferwachte dat ik foar de simmer wer wedstriden fytse soe. Mar ik ha der alles oan dien om sa gau mooglik werom te kommen."
It NK as heger doel
As tarieding op it NK, dat ein juny úteinset, docht De Vries dizze dagen mei oan de grutste etappekoers troch de provinsjes Seelân, Noard-Brabân en Limboarch. "Dit is de iennige wedstriid fan meardere dagen yn Nederlân op it heechste nivo. Dus dat is in supermoaie wedstriid om te riden. It binne wol relatyf maklike wedstriden, omdat der net safolle hichteferskil yn sit."
Hy makket him ûndergeskikt oan it team, mar sil wêr't it kin sels foar syn kâns gean. "It sil nei alle gedachten geregeld einigje yn in massasprint en dat is net hiel geskikt foar my. Ik hoopje yn de sprintersritten myn ploechgenoaten te helpen en as it swierder wurdt, dan hoopje ik sels ek in moai resultaat del te setten."
Op it NK wol De Vries hege eagen smite. Ek omdat dat parkoers him goed lizze moat. "Op it NK ryd ik de tiidrit yn Nunspeet en de wedstriden op 'e dyk yn Limboarch. Dat leit my ek wol goed, dus dêr wol ik wol it heechste nivo fan mysels fan dit jier sjen litte."