Hartthijs de Vries stapt oer nei Tour de Tietema-Unibet Cycling Team

Hartthijs de Vries yn 2018 © Orange Pictures
Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum stapt oer nei de ploech Tour de Tietema-Unibet Cycling Team.
Dat is de nije ploech fan Drachtster Josse Wester en Bas Tietema. Sy binne bekend wurden mei harren YouTubekanaal 'Tour de Tietema'. It doel fan de ploech is om ea ris mei te dwaan oan de Tour de France. De Vries komt oer fan Metec-Solarwatt.
De Kollumer komt begjin maart foar it earst yn aksje foar syn nije ploech. Dan stiet hy oan de start by de Ster van Zwolle.