Omrop Fryslân

Is it geselliger op skoallen yn Fryslân no't de snoadfoan ferbean is?

Reels fan Omrop Fryslân kinst nei skoalletiid wer sjen
© Omrop Fryslân
De nijste TikTok-filmkes en lêste appkes kinst net mear yn de lessen sjen, want skoallen yn Fryslân ferbiede no al trije moannen mobyls yn de klasse. Dat befalt sa goed, dat op guon skoallen de telefoans ek yn it skoft yn it klúske bliuwe.
It is tjintwurdich eins in hiel nuver gesicht. In kantine fol jongeren dy't gjin telefoan yn de hân hawwe. Mar dochs is dat wat je sjogge as je de kantine fan it Dalton yn Dokkum yn rinne. Dêr binne telefoans nammentlik ek yn it skoft en yn de tuskenoeren ferbean.
Miskien noch wol opfallender is dat de learlingen it eins wol bêst fine. "Ik spreek mijn vrienden veel meer dan eerst", fertelt Daphne. Se sit yn de learlingerie fan de skoalle. "Eerst zat iedereen op TikTok of Snapchat. Dan lieten we elkaar de filmpjes zien en gingen we terug naar ons eigen ding."
Dat kin sûnder telefoan fansels net mear. "Nu is het echt gezellig", seit Daphne. "We praten meer met elkaar, lopen een rondje en doen gezellig spelletjes met elkaar."
Dit fine de learlingen fan it telefoanferbod
Fansels wie it wol even krimminearje doe't de maatregel ynfierd waard, seit dosint Peter van der Meij: "Sommigen vonden het echt belachelijk. Toch zagen ze al gauw in dat het een voordeel heeft. We krijgen ook van ouders terug dat het echt scheelt."
Telefoans wer tastean yn it skoft sjogge se op it Dalton Dokkum dan ek net sitten. "Aan het einde van de les ontstaat dan weer rumoer, omdat ze weer op hun mobiel mogen", seit Van der Meij.
"Na afloop is het weer gedoe om alles op te ruimen. Nu zien we de kinderen genieten van het sociale en een spelletje met elkaar doen. Daar genieten wij als docenten ook van."
Peter van der Meij, dosint by Dalton Dokkum
© Omrop Fryslân
Ek oare skoallen jouwe oan dat de maatregels hast gjin wjerstân oplevere fan de skoalbern. Eltse skoalle mei sels de eksakte regel ôfprate. Dêr't it Dalton Dokkum derfoar kiest om de telefoan net ta te litten yn de pauze, docht Piter Jelles De Dyk yn Ljouwert dat wol.
"Als je een regel stelt, moet je hem kunnen handhaven", seit direkteur Dick Folkersma. "Wij denken dat we met meer dan twee- à driehonderd leerlingen in de pauze dat niet kunnen controleren."
Folkersma wol ek net dat de dosinten as plysjeaginten rûnrinne moatte. "Het is niet reëel dat van collega's te vragen. Dan maak je een soort heksenjacht op telefoons, daar wordt niemand gelukkig van."
Dick Folkersma, direkteur Piter Jelles De Dyk
© Omrop Fryslân
Mar pubers soene gjin pubers wêze as se de grinzen fan de maatregels net opsykje. En dêr binne se aardich kreatyf yn, seit Folkersma. "We zien ook wel eens dat ze een tweede telefoon inleveren. Dat spel spelen we keurig mee, dat hoort er ook bij."
As de dosinten de telefoan sjogge, wurdt er ynnaam oant fjouwer oere middeis. "Ek as se sels earder frij binne, dan moatte se wachtsje", seit direkteur Sjors Veltman fan it Dalton Dokkum.
Al kaam dat yn it begjin wol faker foar as no, seit de direkteur. "Dan hie ik wol fyftjin telefoans by my te lizzen op in dei. No is it in inkeling."
"Het spelletje blijft natuurlijk nog steeds gespeeld worden", fertelt Van der Meij. "Ze zoeken na verloop van tijd ook of er weer ruimte is. Maar daar zijn we scherp op. Natuurlijk mag het spelletje er altijd zijn, maar we zien eigenlijk dat de leerlingen prima even zonder de telefoon kunnen."
Piter Jelles Dalton Dokkum
© Omrop Fryslân
Dochs is der ien grutte hamfraach: dogge de dosinten fan it Dalton Dokkum it sels eins wol goed? "Soms!", fertelt Daphne. "Het verschilt per leraar."
Foar dosinten is der dus noch wat wurk te fersetten. "Nou ja, bij sommigen wel. Maar goed, soms moeten ze ook wel de telefoon gebruiken voor hun werk."
Van der Meij moat hurd laitsje om dizze konstatearring. "Er zal ongetwijfeld bij ons ook een leerproces in zitten. Het zou wel heel sneu zijn als ik hier wel gezellig sta te whatsappen. Maar daar spreken we elkaar ook op aan."
Sûnt jannewaris meie skoalbern gjin mobile telefoan mear brûke in de les. Dit komt om't saakkundigen warskôgje dat telefoans swier ferslafend binne foar jongerein en it de harsens beynfloedet.
Nei it fuortset ûnderwiis folgje takom septimber ek it basisûnderwiis en spesjaal fuortset ûnderwiis mei it telefoanferbod.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.