Mobyl fan Jantine lei njonken fleantúchwrak yn Iselmar: "Wat ik tocht? 'Shit!'"

Jantine Weidenaar mei de telefoan yn kwestje © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Hoe is it om in middei sûnder mobyl te sitten? Omrop-ferslachjouwer Jantine Weidenaar naam ûnfrijwillich de proef op 'e som. By de berging fan in Lancaster yn de Iselmar glûpte har iPhone út de bûse en fûn syn wei nei de boaiem fan in kofferdaam.
In soad minsken sille it wolris ûnderfine: je ûntriifd fiele trochdat de mobyl net yn de bûse rêst, mar op de bank of de keukentafel leit. Wat minder faak foarkomt is dat er yn in kofferdaam op de Iselmar leit. Njonken de brokstikken fan in Lancaster ED603 yn 1943.
Dat is nammentlik it plak dêr't de iPhone 12 fan Omrop-ferslachjouwer Jantine Weidenaar fan de boaiem fiske is.

Ut 'e kontbûse wei

Weidenaar wie tiisdei foar in reportaazje by de Iselmar, sa'n seis kilometer fan Breesândyk. De Koninklijke Landmacht is dêr dwaande om de Lancaster te bergjen. Dat bart yn in grutte bak fan 30 by 30 meter. Hoe't dat yn syn wurk giet, waard ûnder oare fêstlein op de telefoan yn kwestje.
De kofferdaam yn de Iselmar © Omrop Fryslân
Om de wrakstikken fan it fleantúch steane wanden, sadat it wetter út de bak pompt wurde kin. "Ik stapte fan it platfoarm oer nei de saneamde walkway. En lykas in soad froulju hie ek ik myn mobyl yn de kontbûse, spitigernôch", fertelt Weidenaar.
Foardat se it troch hie, seach se har telefoan yn it tsjustere wetter ferdwinen.
Ik woe dalik Googelje hoelang't dy iPhone ûnder wetter bliuwe kin. Mar ja...
Omrop-ferslachjouster Jantine Weidenaar
"Wat ik tocht? 'Shit!' Ik woe dalik Googelje hoelang't dy iPhone ûnder wetter bliuwe kin. Mar ja.." Under oare de ynterviews en foto's fan dy dei stiene op de smartphone. De ynterviews wiene bedoeld foar de radio-útstjoering foar woansdei. Dy planning koe dus op de skeppe.

Gjin seemansgrêf

Aldergeloks wachte it tastel gjin seemansgrêf: it wetter waard dy dei ommers út it kofferdaam sûge. Der gie allinnich wol seis oeren oerhinne foar it doe't twa meter hege wetter werombrocht wie nei 30 sintimeter.
In meiwurker mei waadpak gie úteinlik nei ûnderen foar in blik by de wrakstikken. Ek sette er in speurtocht yn nei de mobyl fan Weidenaar.
"Neist it fierder wurkjen, moast ik dêrnei ek in flinke tiid wachtsje. En wat dogge je dan gewoanwei? Appe, dingen opsykje, mails tsjekke. No prate ik mar mei de minsken dêr en seach ik wat om my hinne", fertelt se. "Ja, it makket dy efkes ekstra bewust fan hoe fergroeid ast bist mei dyn mobyl."
Uteinlik gie der út de kofferdaam wei in hân omheech. De telefoan wie fûn. 'O, en it liket derop datst in appke krijst', klonk it. De telefoan hie de dûk dus oerlibbe. "Ik lies letter dat er 30 minuten bestân is yn in djipte fan seis meter. Dit wie seis oere yn twa meter djipte."
In Lancaster © Wikipedia
It tastel bykomme litte yn in bakje mei rys, wie dus net nedich. Hoewol 't der sa no en dan noch hieltyd in drip Iselmarwetter útkomt, neffens de ferslachjouwer. "Ik ha him thús fuortendaliks oan de oplader lein. Op fleantúchstân..."