Telefoan ferbean op skoalle: "Hy sit yn de tas, dan sjochst 'm net"

Sa wurket it mobyltsjeferbod op in skoalle yn Snits
It is efkes wennen op de measte skoallen: it brûken fan mobile telefoans, tablets en tûke horloazjes is net mear tastien.
Mar wêr litte je it mobyltsje as je 'm net út de bûse helje meie? Op CSG Bogerman yn Snits dogge de learlingen de telefoan net allegearre yn it klûske. "Hy sit yn de tas, dan sjochst 'm net!"
De telefoan mei wol yn de les brûkt wurde as dat needsaaklik is foar de ynhâld fan de les of as de learling der, bygelyks om medyske redenen, fan ôfhinklik is.