Janny Kleefstra yn Spanje: 'Mei krysttiid sitte se hjir yn bikiny oan it strân'

Janny Kleefstra Fryske Flagge Spanje
Janny Kleefstra © Janny Kleefstra
It wie de dream fan har partner Jan: nei it pensjoen ferhúzje fan Drachten nei Spanje. Dat wie foar Janny Kleefstra (55) wol efkes wennen, mar se is hielendal om.
Sûnt oardel jier wenje se yn it it lân fan de sinneskyn. It plak mei de namme San Miguel de Salinas is harren nije thús. Dat leit tusken Torrevieja oan de Middellânske See en Murcia mear it binnenlân yn. De bekende Spaanske stêd Alicante leit op in lyts oerke riden.
Janny komt eins fan Beetstersweach. Ferhúzje nei Spanje moast se wol efkes oer neitinke, want dat dochst net samar. It wie mear it idee fan har partner Jan Netten (72). Dy woe it hiel graach.
Janny Kleefstra mei har man yn San Miguel de Salinas Spanje Fryske Flagge
Janny Kleefstra mei har man Jan Netten © Janny Kleefstra
Op in stuit hawwe se tegearre seis wiken nei Spanje west en alles wat besjoen. Doe wie se hielendal om. De waarmte, it klimaat, dêr hie se dochs wol ferlet fan.
"It is hjir fantastysk. Sels winterdeis mei krysttiid. Dan hawwe se hjir in feest op it strân dêr't elkenien yn bikiny komt om te barbecueën en sa." Dus gjin 'dreame fan in wite krysttiid' foar Janny.
Fryske Flagge hûs Janny Kleefstra yn Spanje
It hûs fan Janny Kleefstra yn San Miguel de Salinas Spanje © Janny Kleefstra
Flakby harren hûs lizze de saneamde 'rôze sâltmarren' (salinas). Om de sâltmarren hinne wenjen in soad bûtenlanners: Ingelsen, Belgen en ek in soad Nederlanners. Tsien minuten mei de auto en dan bist by de Middellânske See.

Hûs mei swimbad

Janny en Jan hawwe in frijsteand hûs mei swimbad. Op harren terrein is ek noch in appartemint. Dêr hawwe de minsken dy't by harren delkomme, in eigen plak. Friezen witte harren wol te finen, mar ek famyljeleden fan har partner Jan dy't út it westen en it midden fan Nederlân komme.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Dan binne wy op syk nei dyn ferhaal. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Dit jier hawwe se it wat minder drok mei gasten as ferline jier, fertelt Janny. Yn it begjin doe't it noch nij wie, woe elkenien delkomme om te sjen wêr't se wenje. "Dat is ek hiel gesellich, fansels."
Fryske Flagge Spanje Janny Kleefstra
Utsjoch op sâltmar tusken San Miguel de Salinas en Torrevieja © Janny Kleefstra
Se binne mei pensjoen. Wat dogge se alle dagen? Wêr binne se drok mei?
Dat is gjin fraach dêr't Janny lang oer neitinke moat: "Mei it hûs", seit se fuortendaliks. "Yn it earste jier wiene der in soad putsjes te dwaan, ek yn de tún. En we gean der ek wol faak op út. Alles in bytsje ûntdekke."
Fryske Flagge Janny Kleefstra Spanje
Terras fan it hûs fan Janny yn San Miguel de Salinas © Janny Kleefstra
Yn it foar tocht se dat se miskien wol oanwennich wurde soe. Lykwols, oant no ta is dat net it gefal. Foarearst binne se net fan doel om nei Fryslân werom te ferhúzjen. Witst net wat der komt, seit Janny, mar sa't it no giet, bliuwe se noch wol efkes yn Spanje.
En wat famylje en freonen oanbelanget: dy komme wol nei harren ta. Fierders binne se sels ek geregeld yn it heitelân te finen.