Elbrich hinget Fryske flagge op yn kampus Sweden: 'Se fine it prachtich'

Elbrich van der Wal Fryske Flagge Sweden
Elbrich van der Wal © Elbrich van der Wal
Elbrich van der Wal (25) fan Burgum studearret yn it Sweedske Dals Långed meubels ûntwerpe en meitsje. De Fryske flagge hinget boppe har wurkbank.
Sûnt ôfrûne augustus wennet se yn Dals Långed, dat trije oeren riden benoarden Göteborg leit. En se sit der noch wol efkes, want de masterstúdzje dy't se dêr docht, duorret twa jier. Hjirfoar hat se yn Grins design en grafyske foarmjouwing studearre oan de keunstakademy Minerva.
"Op Minerva wie it mear algemien wat ik die. Hjir is it rjochte op meubels en kin ik lekker sels dingen meitsje." Untwerpe en útfiere dus.
Elbrich van der Wal Fryske Flagge Sweden
De Fryske flagge hinget oan de muorre yn it wurkplak fan Elbrich van der Wal © Elbrich van der Wal
Se hat it tige nei it sin yn Sweden. In lyts plak as Dals Långed midden yn de natuer is in ferazeming ferlike mei in gruttere studintestêd as Grins.
"Sjochst hjir inkeld studinten rinnen en de pear minsken dy't hjir wenje."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist der ien? Dan binne wy op syk nei dyn ferhaal. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje, en kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Elbrich wennet en wurket op de kampus Steneby, ûnderdiel fan de Universiteit fan Göteborg. Yn in pear minuten tiid kin se fan it gebou dêr't se wennet nei in mar yn de buert rinne en ek nei har wurkplak. Boppe har wurkbank hat se de Fryske flagge ophongen.
"De oare studinten fine it prachtich. Wat it wie, moast ik earst al efkes útlizze."
Elbrich van der Wal Fryske Flagge Sweden
Elbrich oan it meubelûntwerpen © Elbrich van der Wal
Oer de omjouwing is se ek posityf. "It is in moai stikje Sweden. Oant no ta foldocht it my goed. It is wol efkes wennen om net mear yn Nederlân te wêzen, mar dit is in moai plak om my op dizze stúdzje te fokusjen."
De Sweedske natuer mocht se altyd al graach oer. Hikke en tein yn Burgum gie se as jong famke al mei har famylje op fakânsje yn it lân. Letter kaam se der ek wol op fakânsje.
Elbrich van der Wal Fryske Flagge Sweden
De skoalgebouwen, mei it wurkplak rjochtsboppe yn it donkerreade gebou © Elbrich van der Wal
Wat se wol mist is har famylje en benammen it Frysk praten. Dêrom hat se in soad Omrop Fryslân derfoar.
Swedish design en Ikealân: Sweden is in lân dat bekend stiet om meubelmeitsjen. It leafst soe Elbrich in eigen bedriuw begjinne. Net allinnich yn meubels, mar ek yn design. Se wit noch net oft dat yn Sweden of yn Fryslân wêze sil. Miskien allebeide wol.
Elbrich van der Wal Fryske Flagge Sweden
Elbrich har earste wurk yn Sweden, basearre op in krukje dat har heit makke hat © Elbrich van der Wal
En dan de grutte fraach: Bliuwt se dêr? Elbrich: "Dreech om te sizzen. It giet wat hinne en wer. De lêste tiid bin ik mear rjochte op Sweden fanwege de natuer en de romte."