Gé-An Scheper yn Portugal siket in thús: "Net altyd mear ferbouwe foar oaren"

Gé-An Scheper Fryske Flagge
Gé-An Scheper yn Portugal © Gé-An Scheper
Gé-An Scheper út Akkrum knapt huzen op om se mei winst te ferkeapjen, mar eins is se dêr wol klear mei.
Se wennet sûnt in jier mei de húshâlding yn Portugal. As it hûs dat se no ûnder hannen hawwe, ferkocht is, sykje se in thús.
Se ferbouwe dus foar de ferkeap en fertsjinje dêr jild mei. Telefyzjesjoggers kenne Gé-An mooglik fan it RTL-programma 'De moeite waard'. Dêryn knapte se in hûs yn Stienwyk op. "Hooplik sitte we no op it rântsje fan ús pensjoen", seit Gé-An laitsjend.
Gé-An Scheper Fryske Flagge
Gé-An Scheper mei man Klaas Koopmans en de jonges © Gé-An Scheper

Blyn keapje

It hûs yn Portugal dêr't se no wenje, hawwe se kocht sûnder it mei eigen eagen sjoen te hawwen. Te drok om derhinne te gean. It wie yn de perioade dat se dwaande wiene mei it telefyzjeprogramma, it opknappen fan it hûs yn Stienwyk en mei de ferkeap fan harren eigen hûs.
Harren buorlju yn Akkrum, it doarp dêr't se jierren wenne hawwe, wenje flakby it hûs yn Portugal dat se op it each hiene. Dy hawwe it hûs foar harren besjoen en advys útbrocht.

It waar en de natuer

It waar is foar de measte minsken reden om nei sudlikere kriten ôf te setten en dat is hjir net oars. Alhoewol't dat wat ôffalt as we mei Gé-An belje:
"Ferline wike hiene we noch 24 graden. Hjoed is it yn ien kear 16. We moatte efkes omskeakelje, mar it is wol te dwaan, hear."
In oare reden om nei Portugal te gean is de natuer. Se hawwe in stik grûn mei fruitbeammen en it is allegearre grien om harren hinne.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Dan binne wy op syk nei dyn ferhaal. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Eins hawwe se nea wenne yn in hûs dat hielendal ôf is. Altyd wiene se wol dwaande mei ien of oare ferbouwing. As it wurk klear wie, gie it hûs fuortendaliks yn de ferkeap en ferhuzen se nei in oare opknapper.
Gé-An: "Dit hûs koene we sa yn. En der wie wol wat moais fan te meitsjen. It hoecht ek net foar altyd te wêzen. As we hjir in jier wenje, is dat bêst."
Gé-An Scheper Fryske Flagge Portugal
Gé-An by de betonmûne © Gé-An Scheper
Mar tiden hawwe tiden en Gé-An wol no in hûs hawwe dat foar harren echt in thús is. Ek foar har twa jonges fan hast 14 en 11 jier.
"Op in stuit fregest dy ôf hoelang't sy noch yn de hûs binne. Dêrom soe it moai wêze om no in echt thús te hawwen."
Hooplik kinne we dan echt ús dreamhûs keapje. Net altyd mear ferbouwe foar in oar.
Gé-An Scheper siket in thús foar de jonges
As it goed is, is dizze ferbouwing oer in pear moanne klear. "Hooplik kinne we dan ús dreamhûs keapje. Net altyd mear ferbouwe foar in oar."
Gé-An Scheper Fryske Flagge Portugal
Gé-An Scheper oan it fervjen © Gé-An Scheper
Dy thúsbasis liket net yn Akkrum te wêzen. Foarearst binne se net fan doel om werom te ferhúzjen nei dat plak. "We sykje yn de Algarve. Ik wol it moaie waar net achterlitte."
Se sykje in hûs dêr't se in bêd en brochje yn of by bouwe kinne. "Dat we dochs noch wat bouwe kinne, mar ús net mear oer de kop hoege te wurkjen."
Gé-An Scheper Fryske Flagge Portugal
Senne en Dinther mei de swalkhûnen dy't se adoptearre hawwe © Gé-An Scheper
Lykas wol faker by emigraasje nei lannen dêr't minder gongbere talen praat wurde, duorret it lang foardat de taalbehearsking in bytsje op gong komt. Seker ast it drok hast mei ferbouwen.
Yn it foar hie Gé-An ferwachte nei it jier dat se dêr no wenje, better Portugeesk te kinnen. Lykwols, it hûs en de omjouwing kosten folle mear tiid en enerzjy as oft se tocht hiene. Mei de taal giet it no goed, want mei de hiele húshâlding binne se Portugeesk oan it learen.