Omrop Fryslân

Rein Jonker seach Van Benthem yn ’86 útnaaien: "Ik koe net oanpikke"

Rein Jonker foar de laptop
© Omrop Fryslân
Der binne net earder publisearre bylden opdûkt fan de Alvestêdetocht fan 1986. It giet om de earste ûntsnapping fan Evert van Benthem út de kopgroep.
Filmmakker Sander Nieuwhof fan Sint Anne makke de bylden mei syn maten Oene Krist en Joop Bijlsma. Sy stiene krekt op in plak dêr't sy fan wisten dat de NOS der net komme koe.
Rein Jonker, de nûmer twa fan de tocht, hat amper wat weromsjoen fan de tocht fan 1986. It momint stiet him by it sjen fan de bylden direkt wer foar de geast.
Rein Jonker sjocht werom nei de Alvestêdetocht fan 1986
Jonker wie dy dei goed. Miskien sels wol sterker as Evert van Benthem. Tegearre naaiden se út.
Op de Dokkumer Ie gie it lykwols mis. Jonker foel en kaam ûnder de kameramotor fan de NOS telâne.
"Doe moast ik der achteroan. Ik helle Evert yn Dokkum by it earste klúnplak by. Ik stimpele dêr ek as earste." Tegearre rieden se wer rjochting Ljouwert.

Noch ien kear gas

Troch de minskemassa by Bartlehiem op nei Aldtsjerk. Dêr joech Van Benthem noch ien kear gas en liet er Jonker efter him. "Ik koe net oanpikke. Ik tocht al noch dat hy ek falle koe."
Mar dat barde net en Van Benthem bleau foar. Hy wûn, Jonker waard twadde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.