Lodewijk Zwierstra dielt de magy fan fiif krúskes: "Opjaan yn de Tocht is gjin opsje"

Lodewijk Zwierstra
Lodewijk Zwierstra © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Fiif kear de Alvestêdetocht ride, dat is nei alle gedachten mar oan in tige selekt groepke minsken foarbehâlden. Lodewijk Zwierstra is ién fan harren. Mar mei wa kin er syn ûnderfiningen diele?
"It kinne der net folle wêze", seit Zwierstra, sels ûndertusken 88 jier âld. Hy ried syn earste Alvestêdetocht yn 1954. "Ik wit it noch as de dei fan juster."
Om yn kontakt te kommen mei minsken dy't ek fiif tochten folbrocht ha, die de Ljouwerter de ôfrûne moannen meardere kearen in oprop. Hy ûntfong oant no ta fiif reaksjes.
Alvestede reuny
f.l.n.r. Lodewijk Zwierstra (88), Bart Koopmans (88), Jo Hamburg (89) en Jaap Bijlsma (96) © Martin de Jong
Trije fan de manlju dy't reagearren, treft hy dizze sneon yn it Reedrydmuseum yn Hylpen. Bart Koopmans (88) fan It Hearrenfean, Jo Hamburg (89) út Boalsert en Jaap Bijlsma (96) út Snits. Ek sy binne, krekt as Zwierstra, foargoed besmet mei it Alvestêdefirus.

"Ofrieden om te starten"

"Nee, senuweftich wie ik net, dy earste kear", seit Zwierstra. Hy wie noch mar krekt achttjin jier, doe't er yn de iere moarntiid fan 3 febrewaris 1954, op houtsjes en mei in rêchsek fol iten, oan syn earste Alvestêdetocht begûn. Tegearre mei syn heit, dy't de tocht al trije kear earder riden hie, broer en omke folbrocht de Ljouwerter de 200 kilometer. "It wie gewoan starte en ride."
Hoekhâlde is it iennige dat telt by in Alvestêdetocht, wit Zwierstra. "Doe, yn 1954, waard de jûn foar de tocht op de radio sein dat it hiel min waar wurde soe. Se foarseine snie en stoarm en it waard ôfret om fan start te gean."
Alvestêdetocht 1954
De Alvestêdetocht fan 1954, doe't der noch gjin kloften taskôgers lâns de rûte stiene © Omrop Fryslân
De Zwierstra's sloegen it advys yn de wyn en weagen it der gewoan op. "It wie úteinlik in makje", fertelt de Ljouwerter. "Wy hiene prachtich waar en it wie hiel moai om mei syn allen te riden."

"De Elfstedentocht, wat is dat?"

Troch de tocht fan 1954 rekke Zwierstra it Alvestêdefirus nea wer kwyt, mei as gefolch dat hy ek de krúskes fan 1956, 1985, 1986 en 1997 fergearre. Syn kaai ta sukses wie om ûnderweis sa min mooglik te skoftsjen.
"Ik hie foaral lytse stikjes tsiis, woarst en rezinen by my, dy't ik al ridend út de tas krije koe. Dêrtroch hoegde ik net hieltyd stil te stean."
De iennige tocht dy't de Ljouwerter oan him foarbygean litte moast, wie de helske edysje fan 1963. Dat er op de dielnimmerslist ûntbruts, wie bepaald net út frije wil.
"Ik studearre doetiids oan de Technische Universiteit fan Delft en siet midden yn de tentamenperioade", seit Zwierstra. "De oanbelangjende professor woe gjin útsûndering foar my meitsje. 'De Elfstedentocht, wat is dat?', frege er. As ik it tentamen oerslaan soe, soe ik it pas in healjier letter ynhelje kinne."
Elfstedentocht 1963
De edysje fan 1963 joech de Alvestêdetocht syn mytyske status © Omrop Fryslân
Zwierstra woe leaver gjin stúdzjefertraging oprinne en liet dêrom de tocht oan him foarbygean. Spitich, fynt er, hielendal mei de kennis fan no. Oan de oare kant beseft hy mar al te goed wat er barre kinnen hie.
"As ik de ferhalen oer beferzen eagen en tiennen en al dat soarte fan saken hear, dan is it miskien mar better dat ik net oan de start stie. No haw ik der ek gjin trammelant oan oerholden."

Mytyske status

De ynbannige wize wêrop't Zwierstra oer de earste Alvestêdetochten praat, past yn it tiidsbyld fan de jierren fyftich en sechstich. Eartiids wie de tocht noch net sa bekend en populêr en wie it benammen in evenemint foar kleare reedrydleafhawwers.
Pas nei de edysje fan 1963 krige de Alvestêdetocht syn mytyske status, om dêrnei troch de edysjes fan '85 en '86 út te groeien ta in folksfeest dêr't Jan el alleman, troch it riden fan de meunsterôfstân, syn lok yn bepriuwe wol.

"Ik wol net mear, lit my hjir mar lizze"

Zwierstra makke it allegear mei en sit dan ek fol anekdoaten. Sa ûnderfûn er al yn 1956 hokker bysûndere krêften de tocht yn in minske frijmeitsje kin. "It snijde en we wiene mei fiif man, allegearre frjemden faninoar, ûnderweis. Ynienen dûkte ién fan de riders it reid yn. 'Ik kin net mear, ik wol net mear', jammere er. 'Lit my hjir mar lizze'."
"No, dat koe fansels net", fertelt Zweistra. "We namen him tusken ús yn mei nei Frjentsjer. Dêr soene wy him, sa wie it plan, op de trein nei Ljouwert sette. Doe't we der ienkear wiene, skuorre hy de kop der wer by. Hy sette troch en hat úteinlik sels noch grutte stikken op kop riden."
Alvestêdetocht 1956
Yn 1956 lei der in tsjok sniepak © ANP
Alle tochten wiene spesjaal foar Zwierstra. "Hokker ik de moaiste fûn? Dat fyn ik hiel dreech om te sizzen. Oan eltse tocht koesterje ik spesifike oantinkens. Eltse kear wiene de omstannichheden oars en trof ik nije minsken. Dat makket se allegear bysûnder."

Kjeld, hurde wyn en de beruchte honger yn 'e hals

Hokker de swierste wie, dêr hoecht hy net lang oer nei te tinken. "Dat wie dy fan 1997. It wie kâld en it waaide nochal hurd. Foaral tusken Frjentsjer en Dokkum hie ik it swier, dêr sa yn it keale noarden."
Boppedat krige hy de honger yn 'e hals. "Sa'n fiif kilometer foar Dokkum woe myn lichem net mear fierder. Ik koe gjin streek mear meitsje. Ik bin sitten gien, haw alles opiten wat ik noch hie en nei tsien minuten kaam ik wer by en koe ik wer fierder. Doe haw ik ûnderfûn wat hurdfytsers bytiden fiele", seit Zwierstra.
Alvestêdetocht 1997
Drokte yn Frjentsjer by de Alvestêdetocht fan 1997 © ANP
Hoe't er der op guon mominten ek trochhinne siet, opjaan wie nea in opsje. "Nee", seit hy hiel resolút. "Boppedat wie ik al hast by Dokkum, dan hâlde je net mear."

Hoopje op in nije tocht

It fjoer dat al jong yn him ûntbaarnd is, is nea wer dôve. Ek nei syn lêste tocht, doe't Zwierstra al yn de sechstich wie, trainde hy noch stûf troch foar in nije edysje. Jierrenlang ried er twa kear yn de wike syn rûntsjes. Earst yn Thialf, letter yn de Elfstedenhal yn Ljouwert.
Pas ferline jier is hy ophâlden mei trainen. As 88-jierige woe Zweistra him net mear oan it aventoer weagje. "Ik tocht: no moat ik ophâlde, it hat wol genôch west."
Tegeltsjesbrêge
De Alvestêdebrêge by Gytsjerk, wêrop't ek in tegeltsje fan Lodewijk Zwierstra stiet © ANP
En al sil hy sels net mear oan de start stean, de hoop dat er noch in Alvestêdetocht meimeitsje sil, lit Zwierstra net farre.
"Miskien bin ik wat te optimistysk", seit hy. "Mar as we yn de simmer piken ha, dan kinne we dy ek yn de winter krije. Wy hâlde de moed deryn!"