De Alvestêdetocht ride mei in kamera op de holle: sa sjocht dat derút

Anne de Ruiter ried de Alvestêdetocht fan 1986 en 1997 mei in kamera op de holle
Anne de Ruiter ried de Alvestêdetocht fan 1986 en 1997 mei in kamera op de holle © Fries Film & Audio Archief
It is hast net foar te stellen, de hiele Alvestêdetocht ride mei in kamera op de holle. Anne de Ruiter die it, twa kear sels: yn 1986 en yn 1997. Guon fan syn bylden binne hjoed fertoand op de fiifde Dei fan de Alvestêdetocht.
It Fries Film en Audio Archief hat syn argiven troch west en de moaiste bylden fan de Alvestêdetocht yn Snits op in rige set. De âldste bylden binne hast hûndert jier âld.
"It moaie fan dy bylden út de begjinjierren - 1929, 1940 en 1941 - is dat it doe noch ljocht wie", fertelt Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief. "Dat wie omdat de tocht doe oarsom riden waard. Snits wie wat Dokkum no is: de lêste trochkomst."
De bylden dy't it Fries Film en Audio Archief hjoed presintearre hat:
In kompilaasje fan de Alvestêdetocht yn Snits
Dat is ek wêrom't bylden fan 1963 ûntbrekke yn de kompilaasje dy't hjoed fertoand is op de Dei fan de Alvestêdetocht yn Snits. "Doe wie it noch folslein tsjuster doe't de wedstriidriders troch Snits kamen."
Byldhistoarikus Marnix Koolhaas is ien fan de organisatoaren fan de Dei fan de Alvestêdetocht. "Op deze manier blijven we de verhalen vertellen en houden we de Tocht levend. Mensen gaan kijken wat ze hebben liggen en komen daarmee aanzetten."
Hy fynt it prachtich om te sjen, hielendal by gebrek oan in echte Tocht der Tochten. "Dit is hoe we het verhaal telkens weer vertellen, totdat de volgende Elfstedentocht wordt verreden."