Dizze reedriders hoopje op in Alvestêdetocht: "Der soe in dream útkomme"

Merel Bosma, Jorrit Bergsma, Harm Visser en Crispijn Ariëns
Merel Bosma, Jorrit Bergsma, Harm Visser en Crispijn Ariëns © Omrop Fryslân
It NK maraton op keunstiis is foar de measte maratonriders de wichtichste wedstriid fan it jier. Alteast, as der gjin Alvestêdetocht folget. "Foar my giet it winnen fan de Alvestêdetocht boppe it winnen fan olympysk goud."
Op 1 jannewaris wurdt it NK maraton ferriden yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Mar mocht 'de tocht der tochten' trochgean, dan meitsje in soad riders dêr romte foar.
Sûnt 1997 hat it iis net mear dik genôch west foar in Alvestêdetocht, mar wat no as Alvestêde-foarsitter Wiebe Wieling wer ris de wurden útsprekt dat "it oangiet"?
Mei fjouwer maratonriders sjogge wy foarút op in eventuele Alvestêdetocht.
  • Harm Visser fan De Westereen wûn dit seizoen al seis wedstriden fan de Daikin Marathon Cup. De 23-jierrige maratonrider fan Team Jumbo-Visma einige ferline jier as tredde yn de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee.
  • De 37-jierrge langebaanrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn rydt ek foar it Team Jumbo-Visma. Syn spesjaliteiten binne de 5 en de 10 kilometer. Yn Sotsji wûn er olympysk goud op de 10 kilometer.
  • Merel Bosma is in 31-jierrige maratonrydster fan de BDM/BTZ-ploech en wennet op It Hearrenfean. Ferline jier einige se as tredde op it NK maraton op keunstiis.
  • Crispijn Ariëns is 34 jier, komt út Boxtel en rydt foar de maratonploech fan Team Reggeborgh. Yn 2017 en 2023 wûn er de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee.
Omrop Fryslân stelde fiif fragen oan de reedriders.

Watfoar oantinkens hasto oan de lêste Alvestêdetocht?

Jorrit Bergsma: "Yn 1997 wie ik tsien jier en siet ik mei heit en mem foar de telefyzje."
Merel Bosma: "Ik heb helemaal geen herinneringen aan 1997. Toen was ik vier jaar."
Crispijn Ariëns: "De kans is groot dat ik toen niet eens naar de televisie heb gekeken. Ik ben niet opgegroeid met schaatsen. Hoe dat kan? Ik kom uit Brabant, hè!"
Harm Visser: "Ik wie der doe noch net, mar ik krij de ferhalen mei fan myn coach, Peter de Vries. Hy is de iennige yn myn omjouwing dy't him doe as wedstriidrider riden hat. As hy fertelt oer de Alvestêdetocht, hinget eltsenien oan syn lippen."
Jorrit Bergsma yn Thialf yn novimber
Jorrit Bergsma yn Thialf yn novimber © Orange Pictures
Jorrit Bergsma: "Ik haw it der wolris mei Sven Kramer oer hân. Sven hat it folle bewuster meimakke, omdat syn heit (Yep Kramer waard achtste, red.) meidien hat oan de wedstriid. En syn pake hat de toertocht riden."
Merel Bosma: "Ik weet nog dat Erben Wennemars in 2012 bij het televisieprogramma DWDD zat en er bekend werd gemaakt dat het niet doorging. Ik zat nog op de middelbare school. Achteraf baal ik ervan dat ik toen niet een dagje gespijbeld heb om hem te rijden."

Tinksto der faak oan?

Bergsma: "It sit altyd yn 'e efterholle en je hâlde der altyd rekken mei. Foar my giet it winnen fan de Alvestêdetocht boppe it winnen fan olympysk goud."
Crispijn Ariëns: "Het is niet zo dat ik elke dag op de fiets spring met de gedachte dat ik dat doe omdat ik de Elfstedentocht wil rijden. Maar hij staat wel ver bovenaan mijn lijstje."
Merel Bosma: "Ik heb toevallig de musical 'De Tocht' gezien. Nou, dan begint het wel te kriebelen."
Merel Bosma yn maart yn de Elfstedenhal
Merel Bosma yn maart yn de Elfstedenhal © Orange Pictures
Harm Visser: "Der binne maratonriders dy't tinke dat je altyd meidwaan meie oan de wedstriid, mar dat is net sa. Je moatte al lid wêze. Oft ik lid bin? Fansels, al sûnt myn 18e."
Jorrit Bergsma: "De Alvestêdetocht hat altyd wat magysk. It riden yn it tsjuster, it klúnjen. By myn eardere ploech mei Jillert Anema trainden wy noch wolris op it klúnjen. Dan moasten wy mei in skeelertraining ynienen op skeelers in stik troch it gers drave."
Crispijn Ariëns: "Ik train niet op klunen.Daar zijn mijn schaatsen me veel te kostbaar voor."
Harm Visser: "It wurdt noch wer safolle grutter as yn 1997. Dat kinsto dy net foarstelle."
Jorrit Bergsma: "Foar my soe in dream útkomme as ik him ride mei."
Op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam gie de winst by it NK maraton ferline jier nei Bart Hoolwerf. By de froulju waard Irene Schouten foar de sânde kear op rige Nederlânsk kampioen. Yn de massasprint einige de trijefâldich olympysk kampioene krekt foar de Friezinnen Marijke Groenewoud en Merel Bosma.
Atje Keulen-Deelstra, dy't yn 2013 ferstoar, helle yn totaal fiif Nederlânske maratontitels op keunstiis. Omrop Fryslân docht op 1 jannewaris ferslach fan de maraton op de radio.

Hoe riedsto dy ta op in Alvestêdetocht?

Harm Visser: "Ik haw seis maratons wûn, mar dat seit net safolle. 150 rûntsjes fan 400 meter is dochs hiel wat oars as 200 kilometer."
Merel Bosma: "Ik denk dat ik dan heel zenuwachtig ben. Ik stel mezelf wel eens de vraag: hoe gaat dat stempelen, wat nou als ik botte ijzers heb en hoeveel wisselijzers moet ik meenemen?"
Harm Visser: "Mocht er nochris komme, dan hat myn coach (Peter de Vries, red.) mar ien boadskip: soargje derfoar datst foardat it ljocht is, yn 'e kopgroep sitst. En dan sjogge je dêrnei wol wer."
Crispijn Ariëns: "Dat klinkt logisch, maar wat nou als je valt, je schaats krom is en je vier kilometer achter op de kopgroep ligt? Niemand heeft een idee hoe de wedstrijd gaat verlopen, maar dat het chaotisch gaat worden, staat voor mij wel vast."

Wa binne de favoriten?

Jorrit Bergsma: "Crispijn Ariëns en Jordy Harink, dat binne de grutte motoaren."
Harm Visser: "Mar Jorrit moat himsels te lyts meitsje. Hy hat it riden yn syn systeem te sitten, hat altyd sunich op it lichem west en is in soepele rider."
Harm Bisser mei de natueriismaraton yn Burgum ferline jier
Harm Visser mei de natueriismaraton yn Burgum ferline jier © Orange Pictures
Jorrit Bergsma: "Ik bin no 37 jier, mar ik fiel my net minder as tsien jier lyn. Ik haw yn it ferline moaie súksessen helle op natueriis, mar de lêste kear dat ik de Weissensee riden haw, is ek alwer sân jier lyn."
Crispijn Ariëns: "Het is mooi dat Jorrit mij noemt. Dat heeft natuurlijk te maken met de resultaten die ik heb behaald op natuurijs."
Merel Bosma: "Irene Schouten en Marijke Groenewoud zijn natuurlijk echte klasbakken, maar onderschat mijn ploeggenootje Ineke Dedden niet. En ik durf mezelf ook wel bij de favorieten te zetten."
Crispijn Ariëns: "Jordy Harink is altijd goed op natuurijs en Harm moet nog ontdekken waar zijn eigen grenzen liggen. Hij is vorig jaar derde geworden op de Weissensee, dus hij kan de 200 kilometer wel aan."
Harm Visser: "Ik hear net by de 'gedoodverfde favorieten', mar kin wol mei de bêsten mei. Ferline jier einige ik as tredde by de alternative. Dat wie echt in oerwinning op mysels."
Crispijn Ariëns: "De Weissensee is ook 200 kilometer, maar dat is meestal een keurig gepoetst baantje. Heel wat anders dan 200 kilometer met volle tegenwind, in het donker wat stuntelen op smalle slootjes."
Crispijn Ariëns op de Jaap Edenbaan yn jannewaris
Crispijn Ariëns op de Jaap Edenbaan yn jannewaris © Orange Pictures

Sil Wiebe Wieling de histoaryske wurden nochris útsprekke?

Crispijn Ariëns: "Komend weekend wordt het 10 graden, maar zeg nooit nooit."
Jorrit Bergsma: "Ik bliuw posityf. It wurdt hieltyd waarmer, mar it wurdt ek hieltyd ekstremer. Dus ik hoopje op in perioade mei ekstreme kjeld."
Harm Visser: "Ik tink it wol."
Merel Bosma: "Ik denk niet dat als-ie komt, dat ik dan nog schaats."
Jorrit Bergsma: "Jac Orie seit ek dat de simmers waarmer wurde en de winters kâlder. Dêr hald ik my oan fêst."
Crispijn Ariëns: "We moeten een beetje geluk hebben, maar ik weet zeker dat, als de omstandigheden gunstig zijn, de Elfstedenvereniging er alles aan zal doen om het te laten doorgaan."
Merel Bosma: "Bij ons team denken we altijd begin januari, maar dat zeggen we ieder jaar."