Dei fan de Alvestêdetocht hat earste lustrum: "Erfgoed moet niet op zolders belanden"

Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren
Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren © Omrop Fryslân
Hy kaam yn 2019 mei it idee: sporthistoarikus Jurryt van de Vooren woe in jierlikse Dei fan de Alvestêdetocht. De ferhalen en oantinkens oan de tocht moasten trochjûn wurde, wie it idee. Fiif jier letter is er tefreden oer hoe't it giet.
"Het gaat misschien niet in revolutionair hoog tempo", seit Van de Vooren. "Maar er lopen verschillende dingen. Er is veel belangstelling voor wat we doen."
De fiifde Dei fan de Alvestêdetocht wurdt moandei holden yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. En de dei is net foar neat op 15 jannewaris: dat is de datum wêrop't yn 1909 de feriening De Friesche Elf Steden oprjochte waard.
Erfgoedcollecties moeten niet alleen in dozen op zolders belanden.
Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren wol it erfgoed tagonklik meitsje en hâlde
"Ik merk wel dat er op verschillende plekken steeds meer belangstelling komt voor de vraag hoe je dit erfgoed op een goede manier kunt vastleggen", seit Van de Vooren.
"Dat de erfgoedcollecties niet alleen in dozen op zolders belanden, maar dat het materiaal wordt ingezet om nieuwe generaties aan te spreken."
anp
Jurryt van de Vooren yn 2019, doe't er syn boek 8070 presintearre © ANP
Dat kin neffens Van de Vooren op ferskate wizen. "Denk aan visualisaties, videoproducties, podcasts."
De Dag van de Elfstedentocht yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits begjint moandei om 13.30 oere. Der binne noch kaarten beskikber.
Dat lêste wurdt bygelyks dien troch Noortje van Baal, studinte oan de HKU yn Utrecht. Sy hat yn gearwurking mei Van de Vooren en de Alvestêdeferiening it idee foar in podcast ûntwikkele, dy't allinnich lâns de rûte fan de alve stêden beharke wurde kin.
"Er is nog niets echt gemaakt", ferdúdliket Van de Vooren. "Maar daar gaan we het maandag onder andere over hebben. Het is de basis waar we mee verdergaan."
It moaie is, fertelt er, dat der in "spectaculaire ontwikkeling" is yn de wizen wêrop't je ferhalen fertelle kinne. Benammen keunstmjittige yntelliginsje kin helpe by it meitsjen fan fisualisaasjes.
anp
Riders komme oan yn Frjentsjer by de foarearst lêste Alvestêdetocht, dy fan 1997 © ANP
De belangstelling fan de Dei fan de Alvestêdetocht komt ek fan de feriening De Friesche Elf Steden. "Voorzitter Wiebe Wieling is er ook weer bij bijvoorbeeld. Ze beschouwen het erfgoed als belangrijk onderdeel van wat ze doen."
En de rolferdieling is dúdlik, seit Van de Vooren: "Wij gaan niet over het schaatsen, maar we zijn goed in het vastleggen van erfgoedcollecties."

Materiaal tagonklik meitsje

It is net foar neat dat de Dei fan de Alvestêdetocht yn it Fries Scheepvaartmuseum is. Dêr binne plannen om de iissporten in plak te jaan yn in nije útstalling. "Ze hebben veel schaatsmateriaal."
It giet úteinlik om it tagongklik meitsjen fan al it materiaal dat der is, fertelt er. "En dat gaat dus stapje voor stapje, maar alle instellingen vinden elkaar steeds beter."