Hoe't in podcast de ferhalen fan de Alvestêdetocht trochjout oan in jongere generaasje

Noortje van Baal
Noortje van Baal ynspektearret it iis yn Molenpolder (Utrecht), ôfrûne woansdei © Anneloes van der Vinne
Hoe kinst jongere generaasjes waarm hâlde foar de Alvestêdetocht? En hoe behâldst de kultuer fan De Tocht? Noortje van Baal, sels berne nei de lêste edysje fan de tocht, tinkt it antwurd te hawwen.
Van Baal (26) baalde yn 2012, doe't de Alvestêdetocht nettsjinsteande in stevige froastperioade net trochgean koe. "Maar ik wist eigenlijk niet eens waar ik van baalde en wat ik miste, want ik heb die tocht nooit meegemaakt."
It ûnderwerp sleat dêrom goed oan by har ôfstudearopdracht. Van Baal is yn septimber 2022 begûn oan har ôfstudeartrajekt fan de oplieding Kunst en Economie oan de Hogeschool voor de Kunsten Utrecht. "Ik zat heel lang op het onderwerp 'cultuurbehoud', maar dat is heel breed. Ik moest dat concretiseren."
Dat slagge dus mei de Alvestêdetocht. "De kans dat er weer een tocht komt is klein, en als-ie komt, dan volgt daarna waarschijnlijk weer een heel lange periode van wachten. Wiebe Wieling, de voorzitter van De Friesche Elf Steden, vroeg zich ook al af hoe ze de elfstedencultuur in zo'n situatie kunnen behouden."
alvestedetocht
Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden © ANP
Van Baal hold altyd al fan riden. "Ik kom uit het Drentse plaatsje Anderen. Als er geschaatst kon worden, dan stond ik ook op het ijs. Het is dus een persoonlijke interesse, mede vanwege de mythische sfeer die rond de Elfstedentocht hangt."
Dy mystyk wurdt neffens har allinnich mar grutter salang't in nije Tocht der Tochten útbliuwt. "Dat paste perfect bij mijn zoektocht naar een afstudeeronderwerp waarbij mooie verhalen te vertellen zijn."
anp
Mei de lêste Alvestêdetocht wie Noortje van Baal noch net iens berne © ANP
Se socht kontakt mei Wieling en frege oft se wat betsjutte koe, omdat de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden ek graach de ferhalen fan de histoaryske tocht yn libben hâlde wol.
"Ik heb vervolgens geen wetenschappelijk onderzoek gedaan, maar wel met heel veel mensen gesproken. Dat ging over bepaalde initiatieven die er al zijn om de Elfstedentocht bij jongere generaties onder de aandacht te brengen."
Het achterliggende doel is om een nieuwere generatie het verhaal van de Elfstedentocht te vertellen.
Noortje van Baal
Van Baal prate sels ek mei dy jongeren. "Ik zocht naar verschillende perspectieven. Sommigen waren opgegroeid met schaatsen, zij vonden de Elfstedentocht vaak al mooi en interessant. Anderen vonden het alleen maar 'heisa' waar ze niets mee hadden."
Ut al dy petearen is in plan kaam foar in podcast. "Het goede daaraan is dat dat bij uitstek bij jongeren past", neffens Van Baal. "En mijn opdracht was om jongeren aan te spreken, dus dat sluit goed aan. Het achterliggende doel is om een nieuwere generatie het verhaal van de Elfstedentocht te vertellen."
Van Baal ûndersocht wizen om de alvestêdekultuer te behâlden en troch te jaan oan jongere generaasjes. Se presintearret har útkomsten moandei op de fiifde Dei fan de Alvestêdetocht.
It evenemint yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits begjint moandei om 13.30 oere. Der binne noch kaarten beskikber.
De podcast moat noch makke wurde, mar Van Baal kin al wol fêst útlizze wat de bedoeling is. "De audio moet beschikbaar worden op locatie, langs de route van de Elfstedentocht. Dat betekent dat je de afleveringen moet luisteren op specifieke plekken."

Lústerje op lokaasje

"Op die manier kan een podcast zich onderscheiden", fertelt se. "En ik geloof in de meerwaarde van naar een verhaal luisteren op de plek waar het gebeurt. Bovendien raken zo de locaties en verhalen met elkaar verbonden."
Oer de presize ferhalen wol Van Baal net te folle kwyt, benammen omdat se dêroer noch yn oerlis is mei Wieling en sporthistoarikus Jurryt van de Vooren. "Maar ideeën genoeg", fersekeret se.
anp
Jurryt van de Vooren yn 2019, doe't er syn boek 8070 presintearre © ANP
"We willen bijvoorbeeld zorgen dat er niet alleen aandacht is voor de wedstrijd, maar ook voor de leden, de vrijwilligers en de toeschouwers. In elk geval allerlei verschillende perspectieven."

Earst ôfstudearre

Dan is it noch wol saak dat de doelgroep, jongeren dus, nei Fryslân ta komt om de podcast op lokaasje te beharkjen. "Maar veel mensen komen sowieso wel naar Fryslân, jongeren bijvoorbeeld tijdens zeilkampen. Op die momenten kunnen ze dan ook de podcast aanzetten."
"Maar eerst eens kijken hoe we die podcast gaan maken", seit Van Baal. Se hat har stúdzje yntusken ôf. "Wiebe Wieling zei: ga eerst maar afstuderen, dan kijken we daarna hoe en wat." Dêr is it no tiid foar.