Nije filmbylden reedrydsters Alvestêdetocht 1942: "De vrieskou deerde hen niet"

1942
In byld út de film fan de Alvestêdetocht fan 1942 © Fries Film & Audio Archief
Der binne nije filmbylden opdûkt fan froulju yn de Alvestêdetocht fan 1942. Op de bylden is te sjen hoe't se yn mantels en rokken oer it iis glide.
"Wat deze beelden uniek maakt, is dat we meerdere vrouwelijke deelnemers aan de Elfstedentocht zien", seit koördinator Jurjen Enzing fan it Fries Film & Audio Archief yn Ljouwert.
Yn kreaze klean geane de froulju as modellen oer it iis. Guon trochstean de kjeld sels sûnder mûtse. It frear 17 graden dy dei.
Dit binne de bylden út 1942
Op de bylden is de trochkomst te sjen fan de reedriders yn Frjentsjer, op 22 jannewaris 1942. Antje Schaap is ien fan de froulju dy't yn byld komt. Se komt fan Wurdum.
Schaap wurdt ynterviewd troch in radioferslachjouwer, Herman Felderhof. Dêrnei jout se wer gas. Op wei nei Ljouwert hellet se sels in pear wedstriidriders yn, en yn de Prinsetún is se de earste frou dy't oer de finish komt.

Oarloch

Op in oare film dy't ek krekt ûntdutsen is, is te sjen hoe't de riders oankomme yn Ljouwert. De earste trije froulju wurde yn de blommen set. Dat binne Antje Schaap, Wopkje Kooistra en Sjoerdtje Faber. Foarsitter Mindert Hepkema fan de Alvestêdeferiening set se yn it sintsje.
De Twadde Wrâldoarloch komt yn in flits foarby yn de persoan fan Werner Friedrich Ross, de heechste baas fan de nazi's yn Fryslân.
Nazi
Werner Friedrich Ross © Fries Film & Audio Archief
De bylden binne makke troch de ferneamde amateurfilmer Ruurd Rodenburg, dy't yn de oarloch de deportaasje fan syn Joadske oerbuorlju stikem filme hat. Yn ferskate musea oer de hiele wrâld wurde dy bylden noch fertoand.
De famylje Sinnema hat de bylden út Frjentsjer makke. Se leine al jierren yn it depot fan it Fryske filmargyf en kamen boppe wetter troch it wurk mei in nije scanner, dêr't sûnt in pear wiken mei wurke wurdt.
"Daarmee kunnen we de films beeld voor beeld bekijken en opslaan. En zo kwamen we ook dit unieke materiaal tegen", fertelt Enzing.
Jurjen Enzing by de nije scanner
Jurjen Enzing by de nije scanner © Omrop Fryslân
Jessica Merkens hat ferline jier in boek skreaun oer froulju yn de Alvestêdetocht. Sy is út 'e skoeven oer de bylden. "Geweldig. Je ziet ook hoe goed en mooi ze kunnen schaatsen. Het lijkt wel alsof de vrieskou van 17 graden onder nul hen niet deert."
De froulju mochten net meidwaan oan de wedstriid, ek al hawwe se besocht om dat foarinoar te krijen. Mar by de finish waarden de earste trije wol as heldinnen ûnthelle.
Jessica Merkens
Jessica Merkens © Omrop Fryslân
"Hun prestatie werd op waarde geschat, ook al deden ze mee met de toertocht", fertelt Merkens. "Ze kregen veel belangstelling van de pers en vanuit de hele wereld kregen ze brieven van fans."

Mantels, jasjes en rokken

De mannen ride yn broeken en sportive klean, mar de froulju net, seit Merkens. "Ze hebben nette mantels, jasjes en rokken aan. En dat is niet omdat ze er speciaal op deze dag mooi uit wilden zien, dat werd in die tijd van ze gevraagd. Vrouwen hoorden in rokken te lopen en dus ook te schaatsen."
Sjoerdtsje Faber (rjochts) en Wopkje Kooistra
Sjoerdtsje Faber (rjochts) en Wopkje Kooistra © Fries Film & Audio Archief
By it Frysk filmargyf binne se tige optein oer de fynst. It earste sukses mei de nije filmscanner smakket nei mear.
"Ik vermoed dat op zolders nog veel filmbeelden liggen van amateurfilmers", seit Enzing. "Daar zitten vast prachtige pareltjes tussen, die we met onze nieuwe scanner kunnen ontdekken en verspreiden."