Prate oer de Tocht der Tochten dy't mar net komme wol: "Der is altyd hoop"

De ledegearkomste yn Ljouwert
De ledegearkomste yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De Alvestedetocht-feriening hie sneon wer de jierlikse ledegearkomste. Der kamen sa'n 500 leden nei Ljouwert. De grutte fraach dy't elkenien dwaande hold: 'Wannear komt er wer?'
De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden ropt alle jierren de leden wer byinoar. Sy fergaderje oer de finânsjes of oare formaliteiten. Sneon waarden der twa nije leden oansteld yn it bestjoer en waard foarsitter Wiebe Wieling op 'e nij keazen.
Wieling sit al hast tweintich jier yn it bestjoer, mar hat de Tocht dus nea as bestjoerslid meimakke. De lêste wie op 4 jannewaris 1997. "Je sjogge dat it hieltyd mear libbet en dat minsken no echt hoopje dat hy komt", seit Wieling.
Ledegearkomste Keninklike Feriening de Friesche Elfsteden
Ek al wurdt de Alvestêdetocht net riden, de feriening wol de 30.000 leden byprate. Dit jier stie de saneamde 'flow control' op it programma. Dat betsjut de trochstream fan de Tocht sels.
"Al dy riders dy't meidwaan wolle, moatte wol feilich fan A nei B kinne", seit Wieling. "Wy wolle mei in chip wurkje dat je riders folgjen bliuwe kinne. Je moatte bygelyks tinke oan in track & trace-idee."
Wiebe Wieling
Wiebe Wieling © Omrop Fryslân
De besikers fan de gearkomste fine it moai om der wer te wêzen. Mar sy binne mar mei ien fraach dwaande. "Ik tink wol dat er komt", seit in man dy't tegearre mei syn frou nei Ljouwert kaam is. "Der is altyd hoop."
Oare leden sjogge it wat treuriger yn. "It is al sa lang lyn hè?", seit in klup fan fjouwer froulju dy't yn de hal prate oer de Tocht. "Dy teloarstelling is alle jierren wer grut, dus ik set de hoop der net te folle op yn."

Meigean yn de tiid

De wrâld is feroare sûnt de lêste kear dat de Tocht ferriden is. "Je ha no bygelyks ek sosjale media. Earst moasten wy op de hichte hâlden wurde troch de rayonhaden, mar no kinne je alles hast folgje. Dat feroaret allegear en dêrom binne wy alle jierren drok om mei te gean yn de tiid."
Evert van Benthem
Evert van Benthem © Omrop Fryslân
Op de ledegearkomste spruts twafâldich winner (1985 en 1986) Evert van Benthem de groep ta. De rider wennet sûnt it begjin fan de iuw yn Kanada, mar kaam spesjaal foar de gearkomste werom.
Yn Kanada kin hy anonym oer strjitte, mar yn Ljouwert is hy drok mei it setten fan hantekeningen. "Dit is wel weer even wennen", seit Van Benthem at hy de redens fan in man sinjearret. "Maar ook wel weer leuk. Het haalt al die verhalen over die tocht weer naar boven. Dat is zo mooi."

Hikke op de Ofslútdyk

Foar de feriening lizze der noch wol opjeften, want der wurdt in enoarme tastream fan besikers ferwachte at de Tocht der wol komt. "Mar yn 1997 wiene der ek al 1,5 miljoen minsken", seit Wieling.
"Dêrneist ha wy fansels alle senario's wol úttekene. At it echt te drok wurdt, gean de diken op slot en ride de treinen net mear. Dan mar in hikke op de Ofslútdyk, it moat wol feilich bliuwe."