"Reedride wurdt in sealsport", mar iisklups jouwe net op

Reedriders yn de Ryptsjerksterpolder © ANP

Noch even en reedride op sleatten, fearten en marren wurdt eat dêr't we allinne noch mar oan weromtinke kinne. Want troch it opwaarmjen fan de ierde krije we noch hieltyd minder faak echt winterwaar.

It is no hast in jier lyn dat we noch op redens koene. Tradysjegetrou bieten de stoere manlju fan it earste oere de spits ôf op de Ryptsjerkster polder, mids desimber 2022. En flak dêrnei hie de iisklup fan Burgum de primeur: de earste maraton op natueriis. Hjir en dêr koe yn dy dagen sels in iisbaan iepen. Mar in pear dagen letter wie it alwer dien mei de iiswille.

Yn 2021 hiene we twa kear in winterperioade. Yn jannewaris, midden yn de coronatiid, wie it foar in soad minsken dé gelegenheid om frij fan alle beheinings bûten te wêzen. Yn desimber fan datselde jier koene we ek op redens. Trije dagen. Yn 2020 koene de redens hielendal net út it fet.

Dit is ek it senario dêr't we neffens klimaatsaakkundigen yn de takomst rekken mei hâlde moatte: echt winterwaar mei in protte iiswille, dat komt net in soad wer werom. Dy tiid leit achter ús.

Takomst fan de winter en iisklups ûnwis

Hoe sjogge iisklups dêrnei? Alle jierren meitsje se har klear foar in nij winterseizoen. Mar hoe riede je je ta op in winter wêryn't der hieltyd minder faak iis is?

Want dat is it boadskip dat de klups tiisdeitejûn krije fan meteorolooch Gerrit Hiemstra fan Balk, dy't as sprekker útnûge is op de jiergearkomste fan it bûn fan iisklups fan it Gewest Fryslân fan de KNSB. Hâlde iisklups har dêrmei dwaande? It liket der net op.

Gerrit Hiemstra © Omrop Fryslân

Foarsitter Johannes de Vries fan it bûn fan iisklups sit wol mei de takomst, seit er. Mar dan giet it der mear om oft de klups wol genôch nije oanwaaks krije. "De iisklups binne wol aktyf, mar it binne wol in soad minsken fan 60-plus. We kinne wol wat jongeren brûke."

Mar dy krije je net earder as wannear't der wer ris winterwaar west hat, tinkt De Vries. En dat is it him no krekt. Komt dat wol wer?

Wol of net in Alvestêdetocht?

Foar it bestjoer fan iisklup Winterwille yn Wommels is it in ûnderwerp dat net echt op de aginda stiet, seit foarsitter Luuk van Ruiten. It wurdt wolris beneamd, mar echt noed is der noch net. Foar in iisbaan jildt dat dy it ha moat fan de earste dagen of earste wike dat der iis leit, seit Van Ruiten. As de froast langer oanhâldt, ha minsken it al gau besjoen op de baan en wolle se bûtenút ride.

Dus koartere perioaden mei froast, dat oerlibbet in iisklup noch wol. Mar Van Ruiten wol der noch net oan tinke dat der hast net mear riden wurde kin: "Ik leau noch wol yn de komst fan in Alvestêdetocht."

Riders komme troch Frjentsjer yn de Alvestêdetocht fan 1997 © ANP

Neffens meteorolooch Gerrit Hiemstra fan Balk wurdt it hieltiten realistysker dat it kwik winterdeis minder faak ûnder nul komt. En dat sil bêst wol konfrontearjend wêze foar in protte minsken, tinkt er. Foaral foar de âldere generaasje, dy't de 'echte' winters noch yn it ûnthâld hat.

"Reedride wurdt in sealsport"

"Reedride wurdt hieltiten mear in binnendoarsport, in sealsport", seit Hiemstra. De tiden fan strange winters mei wikenlang in djipswarte iisflier op fearten en kanalen, is neffens him foarby. "Der sil noch wolris in jier tusken sitte dat it wol kin. En dan sizze minsken: 'Sjochst wol, it kin wól'. Mar minsken kinne harsels goed foar de gek hâlde."

By de iisklup yn Grou stiet de wetterpomp al wer efkes oan © Omrop Fryslân

Mar it liket derop dat iisklups dêr net oan wolle. De iisklup fan Grou bygelyks hat it der op syn jiergearkomste ferline wike net oer hân. Ofrûne sneon gie de kraan iepen om de iisbaan ûnder wetter te setten. En it bestjoer is klear foar in strange winter.

Foarsitter Simen Reitsma wol him leafst neat oanlûke fan minsken dy't sizze dat der gjin winterwaar mear komt. "As Gerrit Hiemstra seit dat we gjin winter mear krije, wol dat net sizze dat er gelyk hat."

"Even in kjeldfront"

Age Veldboom fan iisklup Lyts Begjin fan Earnewâld falt him by. Hy makket him ek net drok oer de takomst. "Ferline jier koe it noch. En de wyn hoecht mar út it noardeasten te kommen, even in kjeldfront, dan kin it samar, op it ûnderstrûpte lân hjir. Ik bin gjin waarman, mar ik sis altiten: as it heal kin, moatte je it hiel dwaan!"

En ek by de iisklup fan Snits sjugge se út nei nije iiswinters. Mar wol troch in klimaatbril hinne: dêr ha se krekt foar in behoarlik bedrach nije ljochtmêsten oanskaft. Mei LED-ferljochting.