Omrop Fryslân

Alvestêdewinner Van Benthem eare mei keunstwurk fan âlde redens

Twafâldich alvestêdetochtwinner Evert van Benthem hat yn syn eardere wenplak Sint Jânskleaster in stânbyld krigen. De âld-reedrider kaam der spesjaal foar werom út Kanada.
It keunstwurk foar Van Benthem
© ANP
Keunstner Albert Weijs hat it keunstwurk makke fan âlde izers fan Fryske noaren. It byld moat ynwenners en toeristen weromtinke litte oan de âld-reedrider.
It byld hat de namme 'De Schaatser' krigen. "Als ze het hier in het dorp over mij hadden, en volgens mij gebeurde dat nogal eens, dan hadden het ze het nooit over Evert van Benthem, maar altijd over 'de schaatser'", seit Van Benthem tsjin de NOS.
Van Benthem wûn de tocht yn 1985 en 1986. Sûnt dy tiid is de alvestêdetocht noch mar ien kear ferriden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.