Sûnder wettertaksy sit It Amelân nachts op slot: "Schrijnende situaties"
Wettertaksys binne de libbensier fan de Waadeilannen. Mar no't de wettertaksys sûnt begjin 2023 net mear yn it tsjuster farre, sit It Amelân op slot. Boargemaster Leo Pieter Stoel is ferbjustere.
Wa't rap fan of nei de fêste wâl wol, keas yn it ferline happich foar de rappe boaten. Dy mooglikheid is der no lykwols net mear.
Gjin fergunning
Veltman Marine Service is ophâlden mei nachtlik farre omdat de ûndernimmer gjin fergunning binnen de Wet Natuurbescherming krije koe om hurder te farren. Neffens Richard Veltman ferliest de tsjinst har wichtichste eigenskip by 20km/oere: in flotte oertocht.
"Het verschil in snelheid vind ik veel te groot", seit Veltman. "Overdag mag de snelheid van een auto, en 's nachts die van een fiets? Bovendien mogen de sneldiensten van de veeronderneming wel sneller dan 20 km/uur. Dan is er dus ook nog eens een ongelijk speelveld."
De eilanners sitte no nei de lêste feartsjinst om 18.45 oere fêst op It Amelân.
Nei oanlieding fan it fatale ûngelok tusken wettertaksy Stormloper en snelboat Tiger yn 2022 hat Omrop Fryslân ûndersyk dien nei de farbewegingen fan wettertaksys. De útkomsten fan dat ûndersyk wurde dizze dagen yn in trijelûk beljochte.
Hjoed diel 2 oer it belang fan de wettertaksy foar de leefberens op in waadeilân. Yn diel 1 waard juster de feiligens en it fargedrach fan de wettertaksys yn kaart brocht. Moarn yn diel 3 folgje de reaksjes en kommentaren út de polityk.
"Een dierenarts die spullen nodig heeft van de vaste wal of een man die naar de vaste wal wil omdat zijn vrouw in het ziekenhuis ligt te bevallen. In beide gevallen moeten ze soms tot de volgende ochtend wachten. Het levert schrijnende situaties op", seit boargemaster Stoel.
Yn petearen mei eilanners wurdt dúdlik dat sy it spitich fine dat de wettertasky net mear fart. "Het gaat één keer mis en daar hebben we nu allemaal last van", seit ien, ferwizend nei it boatûngelok by Skylge.
"Het ging altijd goed en nu ligt het onder een loep", seit in oare eilânbewenner. Yntusken binne eilanners nei in jier aardich wend oan de situaasje. "Maar het wordt pas echt lastig als je in nood zit of naar een geliefde aan de vaste wal moet."
In stek om It Amelân
Neffens de boargemaster soe dit earne oars yn it lân net gebeure. "Het is alsof je een hek om Amsterdam zet, nadat het donker is geworden. Dat is daar ondenkbaar en dat zou het hier ook moeten zijn."
Ek op de middelbere skoalle Burgemeester Waldaschool hawwe se der lêst fan. As se jûns aktiviteiten op skoalle ha, moatte se hotels regelje foar de dosinten. Dat giet om tsien kear yn it jier en it kostet tusken de 5.000 en 7.000 euro it jier.
"Dat jild giet fan it ûnderwiisbudzjet ôf", seit direkteur Bernard Kamsma. "En somtiden slagget it net iens om foar eltsenien in hotel te finen."
Het gaat om leefbaarheid en niet over urgentielijstjes.
De Amelanners ha it yntusken akseptearre en geane rêstich mei it probleem om. Dat docht Kamsma ek. "De boat regearret it eilân. Dêrom lizze we ús der by del. Hjir hast gjin ynfloed op."
Dochs meitsje eilanners en de boargemaster har wol soargen. Stoel: "Het is niet eenvoudig op te lossen. Je hebt niet zomaar een watertaxibedrijf draaiend of de wetgeving aangepast zodat deze ondernemer wel gaat varen."
Richard Veltman wol net folle kwyt oer de situaasje. Dochs hat hy in dúdlik boadskip: "Wat wij als ondernemers nodig hebben is een unieke en duidelijke plek in de wet."
Plan Harbers net goed genôch
Demisjonêr minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat seit yn petear te wêzen mei Rykswettersteat, eigeners fan wettertaksys en de feilichheidsregio's om ta in bettere ynterpretaasje te kommen fan de útsûnderingssituaasjes wêryn't nachts wol hurder fearn wurde mei.
Dat mei bygelyks by urgint pasjinteferfier of rêdings- en bergingssituaasjes.
Dat is neffens Stoel net goed genôch. "Het gaat om leefbaarheid en niet over urgentielijstjes. Het is 'verbureaucratiseren' van de problematiek. Het gaat er in de essentie om dat wij hier bereikbaar willen zijn, ook in het donker."
De boargemaster tinkt dat it helpe soe as de wettertaksy in feartsjinstfunksje krijt. Neffens Veltman soe it probleem dêrmei foar him yn ien kear oplost wêze. De lingte is it iennige ferskil tusken in wettertaksy en in fearboat, seit de boargemaster:
"Waarom zou dan de ene boot wel kunnen varen in het donker en de andere niet? We nodigen het ministerie uit om daarin mee te denken. Kijk constructief naar oplossingen hoe we dit mogelijk kunnen gaan maken."