Kontenerôffal en wettertaksys: Waadproblematyk besprutsen yn Twadde Keamer

De MSC Zoë, in skip fan de brúne float en in wettertaksi
De MSC Zoe, in skip fan de brune float en in wettertaksy © Rechtenvrij
It wie in 'Fryske' kommisjegearkomste Maritiem fan de Twadde Keamer. De problemen mei nachtlik ferfier op de Waadsee, it ôfbaarnde skip Fremantle Highway, kontenerskip MSC Zoe en de brúne float kamen allegear oan bar.
Ut eardere berjochtjouwing fan Omrop Fryslân docht bliken dat der noch 800 tûzen kilo ôffal fan de MSC Zoe op de boaiem fan de Waadsee leit. It ministearje soe it as 'zwerfafval' sjen en wol it net opromje, omdat de CO2-útstjit fersmoargjender is as it ôffal sels.
Dat kontenerferlies tige skealik foar it miljeu wêze kin, die wol bliken nei de MSC Zoe-ramp
Guod fan de MSC Zoe waard manmachtich opromme © ANP
Keamerleden Habtamu de Hoop (GrienLinks/PvdA) en Mpanzu Bamenga (D66) binne dêr fernuvere oer. "Het kan toch niet zo zijn dat de troep niet opgeruimd wordt, omdat de zeevaart nog te vervuilend is?", seit Bamenga.
Bamenga en De Hoop wolle it kabinet oproppe om MSC Zoe it guod bergje te litten. Ek fanwege it risiko op mikroplestiks, dy't yn de see komme kinne. Bamenga: "Hoe langer we wachten, hoe meer afval er verspreid wordt."
Het afval ligt onder het zand of heeft zich buiten het Waddengebied verspreid.
Minister Mark Harbers fan Infrastructuur en Waterstaat
Neffens minister Harbers is it opromjen net realistysk: "De kans is aanwezig dat het afval niet meer aangetroffen kan worden, omdat het onder het zand ligt of zich buiten het waddengebied heeft verspreid."
Dat fersterket neffens Harbers it argumint dat de útstjit fan it opromjen grutter is as de skea fan de ramp sels. Dêrnjonken fynt er it net kinnen de rederij MSC nei miljoenen oan skeafergoeding, no fiif jier letter om ekstra jild te freegjen.
Dat is net te rymjen mei fynsten fan it ôfrûne jier, seit Bamenga. Doe waard noch wol ôffal fûn yn it Waadgebiet.
Harbers: "Het is niet zo dat er nooit meer wat gevonden wordt, maar gericht op zoek gaan naar 800 ton afval is niet realistisch." Partikulieren dy't wol ôffal fine, kinne in fergoeding oanfreegje.
Twaddekeamerlid Mpanzu Bamenga (D66)
Twaddekeamerlid Mpanzu Bamenga (D66) © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Hoop konstatearret ek dat guon skippen warskôgingen fan de kustwacht om net te farren fanwege skea oan de natuer, noch negearje. Hy freget oft de kustwacht dêr ek foech oer krije kin.
"We zijn gebonden aan wat internationaal is afgesproken", seit de minister. It ministearje wurket gear mei Dútslân en Denemarken om regels te meitsjen foar kontenerskippen yn it Waadgebiet: "Daarin kunnen we die stap ook nog maken."

Wettertaksy

Njonken de ramp mei de MSC Zoe wurdt ek it ûngelok mei de wettertaksy by Skylge besprutsen.
Feilich farre op de Waadsee stiet neffens Keamerlid De Hoop foarop, mar ek in rappe ferbining moat mooglik wêze as in needsituaasje dêrom freget. In rappe wettertaksy mei in semi-ambulânse-taak soe neffens De Hoop ien fan de oplossingen wêze foar nachtlik ferfier op de Waadsee.
Wettertaksys meie wol tusken sinne-ûndergong en -opgong farre, mar net hurder as 20 km yn it oere. De minister seit yn it kommisjedebat dat in wettertaksy net de funksje fan ambulânse ferfolje kin, om't der net spesjalisearre medysk personiel oan board is.
Habtamu de Hoop
Habtamu de Hoop fan GrienLinks/PvdA © Omrop Fryslân
Der wurdt nei oanlieding fan in eardere moasje fan De Hoop op dit stuit troch de minister wurke oan rjochtlinen foar wannear't wettertaksys wol hurder farre meie yn de nacht.

Rjochtlinen

Bygelyks by urgint sykteferfier, ekstra plysjeynset en rêdings- en bergingsoperaasjes, opspoaring en patrouille. Dat is no net offisjeel yn de wet opnaam.
In mooglikheid om wettertaksys as fearboaten te beskôgjen sadat se nachts wol hurder farre meie, is neffens de minister net sa maklik.
De kommisje Maritiem fan Infrastuctuur en Waterstaat
De kommisje Maritiem fan Infrastuctuur en Waterstaat © DebatDirect
"Dan is daarvoor toch eerst een nieuwe vergunning op basis van de wet natuurbescherming noodzakelijk", seit Harbers. De minister komt hjir letter op wer werom.
Sawol mei de gemeente, de veiligheidsregio, regionale-ambulânsefoarsjenning, rederijen as mei de wettertaksy-ûndernimmers wurdt neffens de minister op dit stuit praat.

Fremantle Highway

Woansdei kaam nei bûten dat de helpferliening by de Fremantle Highway gaoatysk op gong kaam. De traumahelikopters fan Eelde koene net útfleane, omdat it stek ticht wie.
Ek wie pas nei twa oeren dúdlik dat it skip evakuearre wurde moast, wêrnei't de helikopter earst in helpteam ôfsette moast om romte te meitsjen.
Fremantle Highway
De brân op de Fremantle Highway © Kustwacht
Hidde Heutink fan de PVV begrypt net hoe't dit barre koe: "Zijn wij voldoende in staat om in de nacht reddingsoperaties op zee uit te voeren?"
Neffens Harbers is de Undersyksried foar Feiligens (OVV) it ferrin noch oan it ûndersykjen, dus kin de minister der gjin útspraak oer dwaan: "We zijn wel de betrokken partijen zoals kustwacht en helikopers aan het evalueren. Eventuele aanbevelingen gaan we direct mee aan de slag."

Brune float

Der binne ferskate saken op tou set om de brune float feiliger te meitsjen. Yn de earste plak wurdt de folsleine float op 'e nij keurd foar 1 april. Dêrnjonken is in ûndersyk úteinset om de ynspeksjekirtearia oeral itselde te meitsjen.
Het kan toch niet zo zijn dat deze schippers de dupe worden van het falen van de keurder?
Twaddekeamerlid Olger van Dijk (NSC)
Mar ien fan de trije keurders, de NBKB, is foarearst skorst. Dy keurt ek skippen fan de brune float. Der is dus in risiko dat guon skippen net op tiid keurd wurde kinne, fynt André Flach fan de SGP.
Flach freget minister Harbers om foldwaande útstel, sadat skippen net oan de ketting moatte as it seizoen úteinset.
Olger van Dijk fan NSC heakket ta: "Het kan toch niet zo zijn dat deze schippers de dupe worden van het falen van de NBKB?"
Mark Harbers
Mark Harbers © ANP
Neffens de minister is dat útstel earder al jûn, doe't de sertifikaten fan de NBKB foar in heal jier ferlinge waarden. "De Inspectie Leefomgeving en Transport werkt samen met de keuringsbureaus voor voldoende keuringscapaciteit", seit de Minister.
Wol kin er gjin 100 prosint garânsje jaan dat alle keuringen yn de binnenfeart slagje. "Er wordt met man en macht gewerkt aan mogelijke oplossingen hiervoor, maar de sector moet hier niet de dupe van zijn."