Omrop Fryslân

Fan wetterkearing nei monumint: dit makket de Slachtedyk sa ikoanysk

Kuierders op de Slachtedyk mei de edysje fan 2012
© ANP
De Slachtedyk is in ikoan fan ús provinsje, in monumint yn it Fryske leechlân. Nei acht jier sûnder is der kommende sneon wer in Slachtemaraton, dy't it paad fan de âlde dyk folget. Mar it ferhaal fan dy dyk is minstens sa boeiend as it evenemint.
'Tinkend oan Fryslân sjoch ik de lange Slachtedyk bûgjend troch ûneinich leechlân gean.' It hie samar in gedicht fan Hendrik Marsman oer de Slachte wêze kinnen.
'Slachte' is in âlde namme dy't meast de betsjutting fan binnendyk hat. Dat is ek krekt wat de Slachte wie: in slieperdyk, oftewol in sekundêre wetterkearing dy't by in trochbraak fan de seedyk foarkomme moast dat it lân ûnderstrûpte.
In part fan in 18e-iuwske kaart fan de Slachtedyk, makke troch Pieter Idserts Portier (1698-1781)
© Tresoar
De Slachtedyk wie dêrmei net unyk, der wiene der mear, mar dizze bleau wol lang yn funksje yn ferliking mei oare binnendiken.

Drûge fuotten

De Slachte begjint by de seedyk by Easterbierrum en rint yn súdlike rjochting by Hjerbeam, Achlum, Wommels en Easterein del. Dêrnei bûget de dyk fan Hidaard nei it easten ta en giet it fia Boazum en Easterwierrum nei it einpunt yn Raerd.
De dyk joech beskerming oan in grut oantal doarpen dy't eastlik fan de dyk lizze. It soarge derfoar dat de gritenijen Menameradiel, Baarderadiel, Hinnaarderadiel en Frjentsjerteradiel drûge fuotten holden.
De rûte fan de Slachtedyk
© Omrop Fryslân
De dyk stekt sa'n oardel meter boppe it omlizzende lân út. Dêrmei wie de Slachte in wichtich wapen yn de striid tsjin it wetter. As der dyktrochbraken by Harns wiene, of der wetter opwaaide út de Súdwesthoeke wei, bewiisde de Slachte syn nut.

Midsiuwske dyk

De oarsprong fan de Slachte is yn dizen bewuolle, mar de dyk is yn elts gefal yn de midsiuwen ûntstien. De wittenskip is der net krekt oer út, mar sa'n bytsje tusken de 10e en de 14e iuw moat de dyk oanlein wêze. De âldste boarnen dy't de Slachte fermelde, komme út de perioade om 1500 hinne.
De midsiuwen foarmen de tiid dat de Middelsee noch frij spul hie. Foar de 14e iuw waard Fryslân opsplitst troch dizze Middelsee, in see-earm dy't sels oant Boalsert ta rûn. It foarme de grins tusken de bestjoerlike gebieten Westergoa en Eastergoa.
De eardere Middelsee op in 19e-iuwske kaart
© A. van Calsbeek | Fries Scheepvaart Museum
It lânskip like yn 't earstoan mear op de kweldergebieten by it Waad. Mar troch bediking ûntstiene der polders en úteinlik soe de Middelsee tichtslykje.
Dat de Slachtedyk sa kronkelet, is net sa frjemd. Want by it oanlizzen waard gebrûk makke fan al besteande polderdiken, dy't mei-inoar ferbûn waarden. En fansels sochten dykbouwers ek de stripen grûn op dy't al wat heger leine. Dat skeelde wer opheechwurk.
Meter foar meter foarme him sa in gehiel, dat as in soarte lint troch it âlde Westergoa hinne slingere.
Dat de Slachtedyk aardich slingerje kin, mei dúdlik wêze
© ANP
De oanlieding foar de oanlis is mooglik wat minder fraai. Der soe geharrewar wêze oer it ferdielen fan de kosten fan de seewarringen fan it wetterskip Fiifdielen Seediken. De oplossing wie in opdieling fan it gebiet: binnendyksk en bûtendyksk.
It tefolle oan reinwetter koe mei in tsiental silen ôfwettere wurde op de boezem fan it lân westlik fan de dyk. Dat wiene meast kearslûzen dy't foaral tichtset waarden as dat troch stoarm nedich wie. Guon fan dy silen waarden ek geskikt makke sa't der skippen del koene.
It monumint op it plak fan de eardere slûs Getswerdersyl by Seisbierrum
© ANP
Yn de tiid fan de Republyk wie der in apart kolleezje dat de dyk oerein hold, De 'Contributie der Vijfdeelen Slachtedijk'. Yn it bestjoer sieten fertsjintwurdigers fan de oanlizzende gritenijen en de stêd Frjentsjer. Yn de 19e iuw kaam de Slachte yn it behear fan it wetterskip Der Vijfdeelen Zeedijken Binnendijks.
Oer de lingte fan de Slachtedyk stiene dykhuzen yn 'e berm, lytse spultsjes wêrfan't de bewenners it rjocht hiene om wat kij of skiep op it gers fan de dyk te hâlden.

Doarpen ûnderholden de dyk

De Slachtedyk wie opknipt yn dyksfakken. De doarpen dy't troch de dyk beskerme waarden, krigen de taak om de Slachte te ûnderhâlden. By Kûbaard stiet noch in replika fan in grinspeal út 1707, dy't de skieding oanjoech tusken twa dyksfakken.
De 'Bidlerstien' by Kûbaard
© ANP
De lêste kear dat de Slachtedyk 'yn aksje' komme moast, wie mei de grutte wettersneed fan 1825.

Wetterkearing mei pensjoen

Eins hat de Slachte pas fiif jier foar de earste Slachtemaraton syn funksje ferlern. Dat wie yn 1995.
Dêrfoar wie de dyk offisjeel noch altyd in needwetterkearing. As in swiere stoarm it lân teistere en der dykbewaking ynsteld waard, koene de silen mei sketbalken tichtmakke wurde.
Mar nei de Deltawet en de dêropfolgjende dykferswieringen waard de Slachtedyk oerstallich. Yn 2000, it jier fan de earste Slachtemaraton, waard de dyk troch Wetterskip Fryslân oerdroegen oan It Fryske Gea.
De A31 wie der eartiids net, mar mei de Slachtetille by Hjerbeam kinne kuierders oerstekke
© ANP
Hoewol't de Slachte syn wetterkearende funksje ferlear, bliuwt de dyk foar Fryslân tige weardefol. It is in byldbepalend 'kultuerhistoaryk lânskipselemint', sa't It Fryske Gea it neamt.

Geskikt maratontrasee

De dyk is likegoed in iuwenâld monumint as in gaadlik plak foar planten, blommen en ynsekten. En net te ferjitten, troch de lingte fan sa'n 42 kilometer de perfekte rûte foar in maraton.
De Slachtemaraton yn 2016
© Omrop Fryslân
De Slachtedyk wrot him slingerjend in wei troch Fryslân. It fertelt in ferhaal dat al yn de midsiuwen begjint en dat trochrint oant it begjin fan it nije milennium. Tink dêr mar ris oan, as de Slachtemaraton kommende sneon úteinset: de skiednis leit ûnder dyn fuotten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.