Rapste maratondraver fan Fryslân rjochtet pylken op Slachtemaraton

Geart Jorritsma
Geart Jorritsma © Orange Pictures
Der stiet in grutte namme op de wedstriidlist fan de sechsde edysje fan de Slachtemaraton op 15 juny. It giet om de 28-jierrige Geart Jorritsma fan Snits.
Hy is op dit stuit de rapste Fries yn de maratonwrâld mei in persoanlik rekôr fan 2 oeren en 22 minuten.
Dat rekôr sil er net ferbetterje op it útdaagjende trajekt fan de Slachtemaraton, mar hy giet wol foar de winst. "Dat is absoluut mijn doel", seit er.

Earste Slachte

De Slachtemaraton wurdt foar Jorritsma de sânde maraton dy't er draaft. Yn 2019 waard er ferrassend winner op de Marathon van Enschede. Yn 2022 skreaun er de Mar-athon by Snits op syn namme. By de Berenloop op Skylge wie er suksesfol op de heale maraton.
De Slachte hat er nea earder meirûn: "Acht jaar geleden was ik nog veel jonger en liep ik nog geen marathons."
Kuierje die er ek net: "Ik moet er niet aan denken, 42 kilometer wandelen lijkt me eerlijk gezegd veel zwaarder dan hardlopen."
Yntusken hat er al wol traind op stikken fan de Slachtedyk. Benammen de ûnferhurde stikken binne in útdaging. "Op gras verlies je snelheid en heb je meer kracht nodig. Ik verwacht ook niet dat ik mijn PR zal verbeteren."
Geart Jorritsma
Geart Jorritsma © Orange Pictures
De ynskriuwingen foar de sechsde edysje fan de Slachte sette op 13 jannewaris útein. Yn in koart skoftsje tiid giene 10.000 fan de 15.000 beskikbere kaarten de doar út.
Yntusken binne alle kaarten foar de kuierders alle kaarten útferkocht. De organisaasje fernimt dat de dielnimmers oan wedstriid noch wat ôfwachtsjend binne.
It soe kinne dat dat oan it prizejild leit. "Dat mag geen naam hebben en dat is ook absoluut niet de bedoeling. Het is een toonaangevend evenement, wij zetten het prijzengeld niet voorop, het gaat om de eer."

Hurdrinclinics

Oant 1 febrewaris kinne hurddravers harren noch mei koarting oanmelde foar de Slachtemaraton. Dit jier is der foar it earst ek in heale maraton foar hurddravers.
Om hurddravers te helpen yn har tarieding op de Slachtemaraton, wurde der ek hurddraafclinics oanbean. De earste is op sneon 10 febrewaris yn Raerd.
"Onze hardloopcollega's Hugo en Jacob gaan mensen helpen om die tocht te kunnen volbrengen", seit Kesteloo. "Die clinics kunnen echt helpen om in vorm te komen", heakket Jorritsma deroan ta.