Slachtemaraton wol 50 kear muzyk by de rûte del: “In poadium fan 42 kilometer”

Dielnimmers oan in eardere Slachtemaraton
Dielnimmers oan in eardere Slachtemaraton © ANP
By de Slachtemaraton fersoargje takom jier in lytse 50 korpsen en koaren muzyk. De organisaasje wol de kommende edysje in promininte rol jaan oan kultuer.
It moat in rûte fan 42 kilometer fol mei muzyk wurde. De goed 15.000 kuierders en hurdrinners oer de Slachtedyk sille nei 15 juny noch wol in wike in deuntsje yn de holle ha, hopet Annewiep Bloem fan de organisaasje.
"We wolle in repertoire oanbiede mei ferskaat yn de muzyk", seit se. "Mar de basis is it nûmer 'Hop' fan trompettist Eric Vloeimans. In hiel simpel, oansteklik en fleurich deuntsje."
De priiswinnende Vloeimans sil it gehiel begeliede. De jazzmuzikant soarget op 15 juny oan de Waadkust by Easterbierrum foar de muzikale iepening fan it evenemint oan de Waadkust. De dielnimmers begjinne dêr oan de tocht nei Raerd ta.
"Vloeimans lit him dêr ynspirearje troch it Waad. Mei dat tema stjoere we de earste kuierders fuort."

Tsientallen korpsen en koaren

Underweis komme de dielnimmers dus nochris 40 oant 50 korpsen en koaren tsjin dy't foar de muzyk soargje. "De Slachte is kultureel erfgoed, mar wy fine dat ek ús korpsen en koaren kultureel erfgoed binne. Dat past hiel goed byinoar", fynt Bloem.
"It wurdt bêst bysûnder", leit sy út. It oantal dielnimmers is grut. "Mar it is ek in poadium fan 42 kilometer. Dat is nochal wat."
"Wy biede jong muzikaal talint út de provinsje ek in poadium dit jier", fertelt Bloem. "Bern dy't der mei kop en skouders boppeút stekke bygelyks, dy solearje mei de orkesten."
Mar ek Nij Talint Orkesten binne te hearren. "Wy wolle sjen litte dat eltsenien muzyk meitsje kin."

Elts doarp syn eigen programma

"Wy binne in soad fan doel", fertelt Bloem. "Net allinne korpsen en koaren, mar de 22 belutsen doarpen betinke ek elts harren eigen kultuerprogramma."
Achlum set him del as it Venetië fan Fryslân, Boazum lit him ynspirearje troch De nacht fan Boazum en Wommels heakket oan mei Slachtepop.
"Ynwenners fan Hitsum wurde 'prommen' neamd, dus sy meitsje in moai prommehôf dêr't minsken sitte kinne en nei muzyk harkje kinne. Sy wurde ferantwurdlik foar in oaze op Sopsum."
De Slachtemaraton troch it Fryske lân
De Slachtemaraton troch it Fryske lân © ANP
Bloem is mei in kollega al sûnt de simmerfakânsje oan de gong mei it muzikale programma by de Slachte. It is noch in hiele toer, fertelt se.
"We ha al in hiele list mei dy korpsen en koaren, mar de keunst is no om de goede lokaasjes út te sykjen. It moat allegearre goed op inoar oanslute. We wolle ek soargje foar in pear stikken dêr't it stil is, je wolle net de hiele tiid muzyk oan de holle ha."
De reguliere kaartferkeap foar de Slachtemaraton begjint oer eksakt in moanne: op 13 jannewaris.