Alle kuierkaarten Slachtemaraton útferkocht, noch 2.000 hurdrinkaarten beskikber

Dielnimmers oan in eardere Slachtemaraton
Dielnimmers oan in eardere Slachtemaraton © ANP
De kaarten foar kuierders foar de Slachtemaraton fan dit jier binne útferkocht. Dat meldt de organisaasje. Der binne noch wol kaarten foar hurdrinners beskikber.
De reguliere kaartferkeap sette útein op 13 jannewaris. Der wienen yn totaal 15.000 kaarten beskikber, wêrfan 10.550 foar kuierders.
Fan de hurdrinkaarten binne der noch 2.000 beskikber: 900 foar de folsleine maraton, 1.100 foar de heale.
De sechsde edysje fan de Slachte is dit jier op 15 juny. It is de earste kear sûnt 2016. De rûte, fan goed 42 kilometer giet fan de seedyk by Easterbierrum oant Raerd. Fjouwer jier lyn gong de tocht net troch fanwegen it coronafirus.