Twa kear 'GRIP 1' yn ien wike: brânwacht Harns belibbet útsûnderlike dagen

Ronald Brandsma is befelfierder by de brânwacht fan Harns
Ronald Brandsma is befelfierder by de brânwacht fan Harns © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De piper giet, en alle frijwillige brânwachtlju yn Harns litte alles falle. Dizze wike gie dy piper twa kear foar in grutte brân. Tiisdei wie in fjoersee by in havenbedriuw, tongersdei gie it mis by in timmerbedriuw.
It is foar de frijwilligers fan de belutsen brânwachten hurd wurkjen yn sa'n wike.
"Foar de brânwacht is it wol opfallend en gek dat der yn de stêd yn sa'n koart skoftke tiid twa fan sokke grutte brannen útbrekke", fertelt wurdfierder Baukje de Wal fan de brânwacht. "It is dan 'alle hens aan dek'."
"Een unieke en drukke week. Dit was wel uitzonderlijk", fertelt Ronald Brandsma. Hy is frijwilliger en befelfierder fan de brânwacht fan Harns.
"Op het moment dat de pieper gaat, stapt iedereen zo snel mogelijk in de auto of op de fiets", seit Brandsma. "We hebben timmermannen, schilders, garagehouders. Iedereen laat het werk uit z'n handen vallen."

Dyn bêst dwaan

Dat se helpe kinne by it bestriden fan in brân jout in goed gefoel, ek al is it yn it earste plak ferskriklik. "We hebben ons best gedaan", seit Brandsma.
"We weten dat het heel veel leed oplevert voor de mensen die het overkomt, maar het geeft ons een goed gevoel. Dat ons best kunnen doen om er voor te zorgen dat de schade zo beperkt mogelijk blijft."
It wie in wike dy't de Harnzer brânwacht net samar ferjitte sil
Twa kear yn koarte tiid sa'n ynset freget net allinne in soad fan de frijwilligers, mar ek fan de minsken dy't in baan ha by de brânwacht.
Marko Fennema is haadoffisier fan tsjinst by Brânwacht Fryslân. "Als hoofdofficier geef je leiding aan de totale brandweerinzet," fertelt er.
Marko Fennema, haadoffisier fan tsjinst
Marko Fennema, haadoffisier fan tsjinst © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It wie foar him dan ek in drokke tsjinstwike. "Twee branden in dezelfde dienstweek komt wel vaker voor, maar niet vaak in dezelfde plaats."
Benammen de earste brân by Nesta Shipping wie wol echt hiel grut, fertelt er. "Voor ons is dat echt wel hard werken, met veel mensen, veel vrijwilligers. Het tweede incident was qua brand wel wat kleiner, maar was meer in de bebouwing, midden in een woonwijk."
Soks smyt folle mear 'omjouwingseffekten' op, sa't Fennema seit. "Dat maakt al snel dat huizen in de rook staan, met een supermarkt en een kinderdagverblijf."

Mear as 100 brânwachtlju

Der waard gebrûk makke fan saneamde pelotons. Sa'n peloton bestiet út fjouwer tankautospuiten, in offisier fan tsjinst en in grut wettertransport.
"We hebben meer dan 100 mensen ingezet. Maar iedereen moet wel de juiste dingen doen, met hiërarchische leiding."
Aan het einde van de dag ben je gewoon geestelijk moe. Het is heel intensief, je hebt geen echte pauzes.
Marko Fennema, haadoffisier fan tsjinst
Foar de brânwacht betsjut it oeren efterinoar skerp bliuwe en hurd wurkje. "Aan het einde van de dag ben je gewoon geestelijk moe. Het is heel intensief, je hebt geen echte pauzes. Dan is het fijn dat je het incident op een gecontroleerde manier achter kunt laten en thuis je rust weer kunt pakken."

Efter de skerms

Omstanners sjogge benammen de brânwachtlju dy't mei it spuitsjen fan wetter oan 'e gong binne. "Maar juist achter de schermen zijn mensen nog heel hard aan het werk na onze inzet", fertelt Fennema. "Daar zijn ze wel een dag mee bezig."
De pakken fan de brânwacht yn Harns
De pakken fan de brânwacht yn Harns © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dat is ek praktysk. "De pakken gaan vrij snel de was in. Alle luchtflessen moeten weer gevuld worden en ook de voertuigen moeten weer uitruk-gereed worden gemaakt."
De kazerne rûkt mooglik noch efkes nei de reek, mar de pakken binne fluch wer skjin. "Dat is ook gezonder. Gelukkig hebben de brandweermensen ook een tweede pak, dus ze zullen nooit in smerige kleding rondlopen."