Brân Harns wie 'hiel spannend': stêd hie mazzel mei de wyn

De brân is noch net út
It wie in fûle brân © CAMJO media
It hie folle slimmer ôfrinne kind, yn Harns. Dat seit boargemaster Ina Sjerps ien dei neidat in grutte brân yn de haven in loads folslein yn de jiske lei.
"We hebben grote mazzel gehad dat de wind aflandig was. Er waren enorme zwarte rookwolken. Gelukkig zaten daar geen giftige stoffen in."
Harns libbet mei mei it troffen bedriuw
Der rekken twa minsken ferwûne by de brân. Se hiene reek binnenkrigen, mar hoegden net nei it sikehûs.
In wurdfierder fan de brânwacht seit dat it 'hiel spannend' wie, omdat flakby de flammen twa grutte tanks mei oalje stiene. Dy binne sparre bleaun.
Disel
Grutte diseltanks flak by de brân © CAMJO Media
De brânwachtminsken ha seewetter brûkt om it fjoer te bestriden. Dat dogge se leaver net, omdat it sâlt út it wetter soargje kin foar skea oan de pompen. "Mar as it moat, dan moat it", seit wurdfierder Baukje de Wal fan de Fryske brânwacht. Yn Harns moast it.
By it bestriden fan de brân is in saneamd 'grut wettertransport' ynset. Der wiene safolle brânwachtweinen (13) dat der net genôch wetterdruk op de brânkranen stie om se allegearre fan wetter te foarsjen.
Der waarden in soad frijwilligers oproppen om de besetting op de plakken dêr't de weinen weikamen oer te nimmen. By it blussen fa de brân yn Harns hawwe nammentlik wol sa'n 100 brânwachtminsken belutsen west.
De brân yn Harns wie 'hiel spannend', seit de brânwacht
Neffens de brânwacht wurde de auto's en pompen dy't brûkt binne foar it blussen mei seewetter sekuer skjinmakke, om foar te kommen dat der slitaazje ûntstiet troch korroazje.

Tanks mei oalje

Ek de twa tanks mei oalje binne kuolle mei seewetter. Woansdei binne se dêrom mei swiet wetter ôfspield. In meiwurker fan oaljehannel Klaas de Boer seit dat it bedriuw skrokken is justerjûn. It bedriuw leit deun njonken de brân en hat allinnich wat reek- en wetterskea.
Gelokkich hie it bedriuw de tanks útrêste mei pompen oan de boppekant dêr't de brânwacht by koe om te kuoljen. Ek ha se op de middei fan de brân in skip mei oalje fuorthelle.
Mear as sechtjin oeren neidat de brân yn Harns útbruts, wie it fjoer út. By deiljocht is de skea goed te sjen: der is net folle mear fan it bedriuw oer.
Harns
Harns, ien dei nei de brân © Omrop Fryslân, Iris Witzenburg
By de brân waard ek de help fan bergingsbedriuw BDS ynskeakele. In skip fan it maritime tsjinstferlieningsbedriuw kaam te plak en pleatste foar de feilichheid oaljeskermen.
"Door de brand hadden de nabijgelegen olietanks kunnen barsten", fertelt direkteur André Borsch. "Dan was er mogelijk olie in de haven beland. We hebben schermen geplaatst, om zo de olie op één plek te houden of om deze eventueel op te ruimen."
Ek heinde it skip it smoarge bluswetter op. "Je wilt liever niet dat dit rechtstreeks in de Waddenzee terechtkomt", seit Borsch. "We hebben het vuile bluswater van de kade opgevangen, in een put gepompt en aan boord gebracht. We nemen het mee en stoppen het in een andere put die geschikter is om het water op te vangen."
André Borsch
André Borsch © Omrop Fryslân
De brân is "een ongelofelijk drama" foar it bedriuw, seit de boargemaster, en foar de eigeners, twa broers, ek.
"Harlingen is een kleine gemeenschap, veel mensen kennen hen, en leven echt mee. Het is een hele grote brand geweest."