Twadde grutte brân yn ien wike treft Harns

Grutte brân yn bedriuwsgebou Harns
Grutte brân yn bedriuwsgebou Harns © CAMJO media
Twa dagen nei in tige grutte brân yn de haven fan Harns, is der opnij in grutte brân útbrutsen yn de stêd. In bedriuwsgebou oan de Grettingalaan is yn 'e jiske lein.
By de brân binne gjin ferwûnen fallen. De brân ûntstie om ûngefear 11.15 oere yn in wurkplak fan timmerbedriuw Fa. H. van der Zee & Zn. Goed fjouwer oeren letter wie de brân ûnder kontrôle.
Der waard opskaald nei in GRIP1-situaasje. Dêrmei kinne de ferskillende helptsjinsten better mei elkoar gearwurkje.
Opnij in grutte brân yn Harns
Der wienen reekwolken fan sa'n 20 meter heech, dy't oer de wyk Oosterpark hinne lutsen. Der is in NL-alert ferstjoerd, mei it advys om ramen en doarren ticht te hâlden en de fentilaasje út te skeakeljen. De reek luts ek nei de doarpen Winaam en Seisbierrum.
Foar safier bekend binne der gjin skealike stoffen frijkaam.
De strjitten om de Grettingalaan hinne waarden ôfset. "De minsken tsjinoer it bedriuw binne frege om yn 'e hûs te bliuwen", sei wurdfierder Baukje de Wal fan de brânwacht. Minsken meie wol út skoallen en oare iepenbiere gebouwen, "als dit veilig (uit de rook) kan".
Wurdfierder Baukje de Wal fan de brânwacht
De brân wie al gau útslaand: de flammen sloegen út de dak fan it gebou. "Wy komme net mear yn it gebou", sei De Wal. "Dat hat te krijen mei de reekûntwikkeling en de feiligens fan ús eigen minsken."
De brânwacht wie teplak mei trije tankautospuiten, in heechwurker en in dompelpomp. Dy lêste soarget derfoar dat der genôch wetter yn de feart komt, dêr't de weinen it wer út helje kinne.
Om 15.45 waard it sein 'brand meester' jûn. It gebou kin as ferlern beskôge wurde.

Twadde brân yn koarte tiid

Twa dagen lyn wie der in grutte brân yn de haven fan Harns. Doe wie de brânwacht oeren dwaande om it fjoer by it bedriuw Nesta Shipping út te meitsjen.
"Dat is wol opfallend", seit De Wal. "It hat gjin ferbining mei-inoar, mar it is wol alle hens oan 't dek. It freget wol wat fan de brânwacht, want wy wurkje mei frijwilligers."